Skiermûntseach bliuwt yn ferset tsjin gasboarrings

01 jul 2021 - 17:54

Fryske oerheden tekenje op 'e nij beswier oan tsjin de winning fan gas yn sawol de Noard- as de Waadsee. De provinsje Fryslân en de gemeente Skiermûntseach ha in brief stjoerd nei de minister fan Ekonomyske Saken. De boargemaster fan Skiermûntseach, Ineke van Gent, die earder de oprop oan gasbedriuw ONE-Dyas om ôf te sjen fan de gasboarrings.

Foto: ANP

"We hebben een pittig gesprek met ONE-Dyas gehad", seit Ineke van Gent. Yn it petear kaam ek te praat dat op it plak dêr't it bedriuw winne wol, in oesterbank is. "Dat was een raar moment. Ze zeiden dat het een lastig probleem is dat die banken precies daar liggen waar ze naar gas willen boren, maar je kunt het ook omkeren. Dat je dus beter niet kunt boren juist omdat die oesterbanken daar liggen. We waren wel in gesprek, maar verstaan elkaar niet."

It giet net inkeld om it winnen fan gas en sâlt yn it Waadgebiet, mar ek om de stroomkabel. "We blijven ons verzetten, niet alleen wij, maar veel overheden en maatschappelijke organisaties zijn er niet blij mee dat ze willen winnen in een kwetsbaar gebied en dat er niet wordt gekozen voor een duurzame oplossing."

Van Gent wol ek yn petear mei de ynvestearders. "Ik wil wel met ze in gespreek over het werelderfgoed en ze uitnodigen om te laten zie hoe waardevol het is. En dat het beter is om te kiezen voor andere plannen." De direkteur hat tasein om dat mei de oandielhâlders te bepraten.

Se hopet dat it nije kabinet oars kiest. "Je ziet dat de weerstand tegen gaswinning in het Waddengebied toeneemt. Ik hoop dat ze kiezen voor een duurzame ontwikkeling."

Ineke van Gent

Brief fan de provinsje

Yn de brief fan de provinsje stiet ek dat it Ryk in ein meitsje moat oan it ekonomysk gewin fan it waadgebiet. De provinsje wiist op de gas- en de sâltwinning ûnder de Waadsee en de plannen dy't der binne om stroomkabels fan wynmûneparken yn see dwers troch it waad oan te lizzen. De provinsje makket him ek soargen oer nije plannen dy't der binne, bygelyks foar gaswinning boppe Skiermûntseach en by Ternaard ûnder de Waadsee. Soksoarte aktiviteiten moatte net trochgean as se skealik binne en soargje foar bliuwende skea oan it Waadgebiet, seit de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)