SC Hearrenfean sil oefenje tsjin it Israelyske Maccabi Tel Aviv

01 jul 2021 - 17:46

SC Hearrenfean hat it oefenprogramma sa goed as rûn: sa spilet de klup yn de tarieding op it nije seizoen ûnder oaren tsjin it Israelyske Maccabi Tel Aviv en TOP Oss. Earder hie de klup al bekend makke dat der oefene wurde sil tsjin Jong FC Utrecht, it Belgyske KV Kortrijk, FC Groningen en PEC Zwolle.

Foto: Orange Pictures

By de wedstriden tsjin de Belgyske earsteklasser en FC Groningen is gjin publyk wolkom. Der wurdt noch socht nei in tsjinstanner foar in ôfslutend oefenduel in wike foardat de kompetysje úteinset.

Kommende sneon spilet de ploech fan Johnny Jansen syn earste oefenwedstriid op it sportpark fan Langsweagen tsjin Jong FC Utrecht. By dat duel meie 400 supporters oanwêzich wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)