Cambuur begjint op Amelanner strân oan nij seizoen: “Dit is moai jong!”

01 jul 2021 - 17:33

Mei in noch net al te brede seleksje is SC Cambuur op It Amelân úteinset mei it nije seizoen. Woansdei binne de Ljouwerters nei it Waadeilân gien en freed komme se werom. Foar de trije nije spilers binne it harren earste dagen by de klup.

De seleksje libbe him tongersdei út op it strân

Tongersdeitemoarn stiet der in aktiviteit op it strân op it programma. De spilers en in part fan de technyske stêf giet yn twa groepen blokarten en raften. Trainer Henk de Jong giet net it wetter op, mar it blokarten slaat er net oer. "Dit is geweldich! Dit giet sa hurd. Sjochst ek allegear laitsjende koppen. Machtich dit!" Nettsjinsteande dat de Drachtster krekt wat âlder is as syn spilers, is er noch like fanatyk. "Ik probearje se wol yn te heljen, want guon ha gjin ferstân fan de wyn. Dy komme út it westen", laket er.

By de groep fan De Jong sit ek Michael Breij. Dy genietet der ek fan. "In het begin was het even wennen, maar het was heel leuk. Ik ging kneiterhard en slippen enzo. Waanzinnig!" De bedoeling fan de aktiviteiten is om de groep tichter byinoar te bringen. Neffens Breij slagget dat: "Dit is goed voor de teambuilding."

We kinne gjin dûbeltsje ferspylje.

De jacht op nije spilers is dreech, fernimt Henk de Jong

Mar it is dus noch net in al te grutte groep. Der binne sechtjin spilers fan it earste mei, Mitchel Paulissen is siik en thúsbleaun. De seleksje is fierder noch oanfold mei seis spilers fan de beloften. Dat is net genôch om it earedifyzjeseizoen yn te gean, erkent ek De Jong. "Ja, der moat noch wol wat by. Dat gebeurt ek wol. Mar we ha net safolle jild. We moatte wachtsje oant der echt wat komt wêrfan't we sizze: dat is it. We kin gjin dûbeltsje ferspylje."

Der binne trije plakken dêr't Cambuur him sawiesa noch op fersterkje wol: oan de beide kanten fan de oanfal en linksefteryn. "It sil wierskynlik hierspilers wurde", seit De Jong. "De salarissen binne te heech en dan kinne we net genôch jonges helje." De klup hopet dêr by op jongere spilers fan de topklups yn de earedifyzje, dy't mooglik yn de tarieding sjogge dat se net folle spylje sille.

Foto: Dijks Fotografie

Njonken spitsen Sam Hendriks en Tom Boere is ek ferdigener Marco Tol nij by Cambuur. De sintrale ferdigener kaam oer fan FC Volendam. Der binne mindere plakken as It Amelân om it seizoen te begjinnen dochs? "Dat kan zeker minder. Er zijn mooie activiteiten gepland en we hebben goede trainingen." Wat foar Tol helpt, is dat er al in pear spilers koe by syn nije klup. "Het zijn hartstikke normale jongens allemaal. Dat bevalt prima."

Tol ferwachtet dat er him maklik oanpasse kin by Cambuur. "Ik kom bij Volendam vandaan. Daar zijn we gewend om dingen voetballend op te lossen, ik denk dat dat bij me past." Wat soe hy taheakje kinne oan de ferdigening? "Erik (Schouten) heeft niet graag dat ik het zeg, maar ik ben wat sneller dan hij. Ik denk dat ik voor een verdediger vrij snel ben en dat kan toevoegen aan het spel."

As de spilers freed weromkomme nei Ljouwert, hawwe se noch acht dagen oant de earste oefenwedstriid. Dy is nije wike sneon tsjin FC Twente. De tarieding fan Cambuur duorret yn totaal goed seis wiken.

De Jong: "Oare klups binne earder begûn, mar dat fyn ik te lang. Moatst rap de tarieding troch en de kompetysje yn. Hjir starte we op en litte we it lichem fiele dat der wer fuotballe wurdt. En wat noch folle belangriker is: mei in goed gefoel starte en sfear yn de ploech ha."

Foto: Dijks Fotografie

Wêr't it de blokarters allegear foar de wyn giet en der gjin grutte problemen binne, is dat by de rafters krekt wat oars. It flot dobberet op in bepaald momint ynienen stjoerleas yn de Waadsee. Tol hearde by de bemanning, dy't him dus net steande hâlde koe. "Het bootje ging wel om. Ik zat ook nog vooraan, dus kon alle klappen opvangen met al dat water." Soe dat met opsetsin dien wêze? Dat de nije spiler foaryn moast? "Nee, het was puur toeval", neffens de Volendammer.

In fakânsje is it beslist net. Op de lêste dei fan it trainingskamp kin de seleksje ek noch oan de bak, sa fertelt De Jong. "Moarnier om sân oere moatte we wer drave oer it strân. Dat fine se moai jong. Dat is leuk, se moatte ek wat op my foeterje", laket de trainer, dy't bliid is dat de bal wer rôlet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)