Ketlikers ha noed oer plannen foar wensoarchkompleks yn Moskoupleats

01 jul 2021 - 17:30

B&W fan Hearrenfean moatte prate mei ynwenners fan Ketlik dy't noed hawwe oer de plannen foar in wensoarchkompleks yn de Moskoupleats yn it doarp. Dat fynt de fraksje fan Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried.

Foto: Google Streetview

Neffens de plannen soene der minsken mei pyschyske problemen opfongen wurde yn it wensoarchkompleks. Guon minsken yn Ketlik meitsje har dêr soargen oer. Heerenveen Lokaal krijt sinjalen dat dy minsken har net serieus naam fiele troch de gemeente, mei de soargen dy't se hawwe.

De partij fynt dat mei har praat wurde moat, omdat it draachflak grutter wurdt. De gemeenteried praat der tongersdeitejûn oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)