Bern fan 12 jier ôf kinne op Amelân en Skylge earste prik krije

Op It Amelân en Skylge kinne bern tusken de tolve en de santjin jier fan dizze tongersdei ôf har coronaprik krije. Alle bern dy't op dizze eilannen wenje, meie sûnder ôfspraak delkomme. Toeristen kinne der lykwols net foar in faksinaasje telâne.
Bern fan 12 jier ôf kinne op Amelân en Skylge earste prik krije
Sûnt woansdei binne de bern fan 12 oant 17 wolkom foar in prik tsjin it coronafirus. "Dat wie sa koart dei dat we sein hawwe dat de bern sûnder ôfspraak komme meie. Dy wurde hjir dan registrearre en dan meie se daliks faksinearre wurde", seit Erik Vonk fan de GGD.
De bern dy't foar de prik komme wurde yn elk gefal frege oft se goed op de hichte binne fan de bywurkingen. Foar fragen kinne se telâne by in dokter. "Dat dogge we benammen om't der gjin âlden by binne. It is dochs in oare kategory", seit Vonk.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Sadwaande ferrint de faksinaasje foar dizze leeftiidskategory no oars as by de folwoeksenen. "De jongeren fine it ek spannend", seit Vonk. "Der binne ek oare jongeren by. Nei mekoar ta kinne sy oan de iene kant hiel stoer wêze, oan de oare kant ek in bytsje bang wêze. Dat freget in oare oanpak."
De bern, en de âlden, dy't noch witte oft se faksinearre wurde wolle, kinne ek noch de kar meitsje om de prik te heljen op it fêstelân.
Toeristen kinne lykwols net delkomme foar in faksinaasje. "Toeristen dy't hjir komme of bern dy't net op it eilân wenje, meie wy absolút net faksinearje."