Fryslân hat no ek betinking slavernijferline: Free Heri Heri

01 jul 2021 - 17:10

It is 1 july: op dizze dei yn 1863 skafte Nederlân de slavernij ôf. Yn Suriname wurdt dat al jierren fierd ûnder de namme Keti Koti. Dat bart ek hieltyd faker yn Nederlân en no hat ek Fryslân syn eigen betinking: Free Heri Heri. It draait allegear om it gerjocht dat de slaven eartiids op de plantaazjes ieten.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It gerjocht waard dizze dei ek makke en útdield yn it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert, dêr't fiifhûndert minsken ferdield yn groepen binnen komme.

Symboal foar ferbining

"Heri heri is het gerecht dat tot slaafgemaakten aten", seit Evelyn Andoh. "Het gerecht is heel voedzaam door de aardvruchten die er voornamelijk in zitten. Hierop konden de slaven heel lang door, want ze kregen maar één keer te eten. Tegenwoordig staat het gerecht symbool voor verbinding en culturele vieringen."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn it Stedhâlderlik Hôf hinget in skilderij dat ferwiist nei de slavernij: Fjouwer Nassaus en in anonime jonge binne der te sjen. Op dizze dei, mei Free Heri Heri, spilet dizze jonge de haadrol.

"Dat is een anonieme jongen, die dienst doet aan de Nassaus. Hij is een accessoire, als het ware." Mar no feroaret dat. "We geven hem vandaag een naam. Hij is ook het begin en slotstuk van ons programma."

'Nooit te laat'

Ek kinne minsken by plakken yn Ljouwert del dy't in wichtige rol spile ha yn it slavernijferline fan Fryslân. "Op elke locatie vindt een korte performance plaats", seit Andoh. Se tinkt net dat Ljouwerters witte wat yn de stêd op it mêd fan slavernij bard is. "Tot voor kort wist ik zelf amper wat er hier plaats heeft gevonden. Maar het is nooit te laat om te leren."

Oan de betinking dienen 500 minsken mei.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by Free Heri Heri

(Advertinsje)
(Advertinsje)