Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen Ljouwert hâldt op mei polityk

01 jul 2021 - 16:27

Fraksjefoarsitter Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen Ljouwert hâldt op nei de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier. Jacobse hat dan fjirtich jier aktyf west yn de Ljouwerter polityk.

Gijs Jacobse - Foto: ANP / Veenstra

Jacobse waard yn 1982 aktyf yn de Ljouwerter polityk en siet tusken 1989 en 1990 efkes foar it CDA yn de ried. Mar dêr stapte er út, út ûnfrede oer it belied fan it kolleezje fan doedestiids.

Dêrnei rjochte Jacobse de Nieuwe Leeuwarder Partij op, dy't letter oergie yn Gemeentebelangen Leeuwarden. Yn de perioade fan 1994 oant 2006 wie hy fraksjefoarsitter hjirfoar. Ek nei 2010 oant no wie hy fraksjefoarsitter foar de partij. Wa't Jacobse opfolget is noch net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)