RIVM meldt 10 nije besmettingen; minder as in dei earder

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 10 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne fiif minder as woansdei. Doe gie it om fyftjin besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Eaststellingwerf en Smellingerlân. De rest fan Fryslân krige der neat by.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 845 nije coronagefallen registrearre. Dat binne der hast twahûndert mear as woansdei en it heechste oantal yn sawat twa wiken tiid.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.