Slang fûn yn Bonifatiuspolder yn Dokkum: wa siket syn húsdier?

01 jul 2021 - 15:20

De plysje fan Noardeast-Fryslân hat tongersdei in melding krigen dat der in slang oantroffen is op de Bonifatiuspolder yn Dokkum. Nei't it bist fongen is, is er oerbrocht nei Repticura yn Ljouwert.

Foto: Plysje Noardeast-Fryslân

'Mocht u uw slang missen, of kent u iemand met een dergelijke slang? Neem dan contact op met Repticura', skriuwt de plysje op Twitter.

Trefwurden: 
Dokkum slang Repticura
(Advertinsje)
(Advertinsje)