Fan Barcelona en Oranje nei Fryslân: Ruud Hesp nije keeperstrainer SC Hearrenfean

01 jul 2021 - 15:15

Ruud Hesp wurdt de nije keeperstrainer by Sportklup Hearrenfean. De 55-jierrige âld-doelman fan ûnder oare Barcelona wurdt de opfolger fan Raymond Vissers.

Ruud Hesp - Foto: ANP

Nei syn karriêre as doelman wie Hesp ek keeperstrainer by Roda JC, Oranje, FC Groningen en PSV. Hesp tekenet in kontrakt foar ien seizoen yn it Abe Lenstra stadion.

Mei Barcelona waard Hesp twa kear kampioen fan Spanje en wûn er ien kear de beker. Fierder keepte er ek foar Haarlem, Fortuna Sittard en Roda JC. Yn totaal hat er hast 500 wedstriden yn it proffuotbal keept. Dêrnjonken siet er by de seleksje fan it Nederlânsk alvetal op it EK fan 1996 en it WK fan 1998.

WK-finale mei Oranje

Hy beëinige syn aktive karriêre yn 2002. Dêrnei waard er keeperstrainer. Mei PSV waard er de ôfrûne jierren trije kear kampioen. Hesp wie ek de keeperstrainer by Oranje fan 2006 oant 2012. Yn 2010 helle er mei Oranje de WK-finale.

De keeperstrainer is de broer fan Danny Hesp, dy't fan 1990 oant en mei 1992 foar Sportklup Hearrenfean spile. Hy kaam ta 38 wedstriden yn it pompeblêdeshirt.

Dat iemand met zijn staat van dienst kiest voor SC Heerenveen is een compliment voor de club en de hele organisatie.

Ferry de Haan

Technysk manager Ferry de Haan is wiis mei Ruud Hesp as nije keeperstrainer. "Hij heeft zijn sporen nationaal en internationaal wel verdiend", seit er. "Als doelman zelf, maar ook als keeperstrainer. Dat iemand met zijn staat van dienst kiest voor SC Heerenveen is een compliment voor de club en de hele organisatie."

Hearrenfean naam nei ôfrûne seizoen ôfskied fan keeperstrainer Raymond Vissers. Hy hie noch in kontrakt foar in jier, mar Hearrenfean woe net fierder mei him. Hy wie sûnt 2016 yn tsjinst by de Feansters.

(Advertinsje)
(Advertinsje)