Omrop TIP: portret fan Diet Huber yn Weromrop.tv

De Fryske skriuwster Diet Huber (1924-2008) is bekend wurden mei boartlike ferskes foar bern, lykas Tutte mei de linten. Yn dit portret út 1995 fertelt se oer har libben en wurk. As jong bern wie se al fassinearre troch taal en lûden.
Diet Huber yn 1995 © Omrop Fryslan
Diet Huber wenne it grutste part fan har libben bûten Fryslân. Nei't se tsien jier (mei man en dochter) yn Noard-Sweden wenne, kaam se yn Amsterdam te wenjen. Yn har flat dêr fertelt se yn dit portret oer har libben, wurk en taal.
"As bern wie ik al fassinearre troch lûden, hoe't dingen klinke. Ik hie in Hollânske papa en in Fryske mem. Mem wie gek op gedichten en der waard thús in protte lêzen."

Maanapen

Nei de oarloch gie Diet Huber nei de Kunstnijverheidsschool (no Rietveld Academie) yn Amsterdam. Se skreau al ferhalen doe't Fedde Schurer, haadredakteur fan de Friese Koerier har frege om foar him te wurkjen.
"Fedde koe hiel goed laitsje. We hienen altyd ferskriklike wille. Dat is foar my in grut punt, dat minsken laitsje kinne. Hy like sa earnstich, sa mei dy swarte hoed. Ik wie wat benaud foar him, sa'n belangryk man. Doe begûn er oer 'Maanapen', út wurk fan my en sei: 'dy ha ik altyd al graach moetsje wollen. Witst wat ik tocht doe't ik foar dy rjochter stie (mei Kneppelfreed, red.), maanaap, dy man liket op in maanaap.' Doe moast ik sa laitsje."
Diet Huber mei har poppeteäter © Omrop Fryslan

Wurden op muzyk

Der ferskynden tal fan publikaasjes. "Ik krij rymkes yn de holle op wurden dy't ik lês. It wurdboek is wichtich, dêr lies ik moaie wurden yn en dy begûnen dan muzyk te krijen. Dan hie ik sin om der in foarm oan te jaan en dat wienen dan ferskes."
Sels de nammen fan de medisinen, dy't se nei har beroerte krijt, binne in boarne fan ynspiraasje. "Ik hie angina pectoris, hertkramp, ik begûn juffer angina te sjen as in wêzen en begûn har te tekenjen. Dan kaam der wer in rymke yn myn kop, sa giet dat yn myn holle. Ik bin eins twa persoanen: ien dy't belibbet en ien dy't tasjocht."
Omrop Fryslân stjoert dizze wike alle jûnen op telefyzje in koarte ferzje fan in dokumintêre út it rike argyf út yn it programma Weromrop.TV. Te sjen om 17.15 oere en dan elk healoere yn de werhelling.
Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985-2005 werom te sjen; fan dokumintêres oant Sadwaande en fan Sybe Satellyt oant Sa seach ik Fryslân.