Jongerein sels oan it roer by kulturele projekten fan Broei

01 jul 2021 - 14:45

It projekt Broei wol jongerein tusken de 12 en 22 jier de kâns jaan om harren eigen kulturele idee út te fieren. Fan teäterfoarstelling of film oant in multymediale ynstallaasje of wat oars. It is ûnderdiel fan Arcadia, it ferfolch op kulturele haadstêd dat takom jier yn de maitiid úteinsette sil.

Foto: Broei

Neffens artistyk lieder fan it projekt, Tamara Schoppert, is dizze groep net samar útsocht. "We seagen dat der by kulturele haadstêd hast gjin projekten en poadia wiene foar en troch jongerein. We fûnen dat it der by Arcadia - de legacy fan kulturele haadstêd - wól komme moast."

Hat wol wat fan Under de toer

Jongerein kin mei in idee of plan komme op it mêd fan muzyk, teäter, in ynstallaasje of miskien wol hiel wat oars. Se wurde dan keppele oan in professional. It idee efter it projekt liket bot op it Under de toer-projekt yn 2018 wêrby't foarstellingen yn en by tsjerken holden waarden.

Wol krije de jongerein in opjefte mei dêr't se mei oan de slach moatte. "Broei is ûnderdiel fan Arcadia, it 'land van melk en honing'. Dus it tema moat wêze hoe't we no mei ús wrâld omgeane en yn de takomst moatte soene, en wat Arcadia is foar de jongerein."

Presintaasje by ferfolch op LF2018

Jongerein kin harren fia de website fan Broei opjaan. De presintaasjes fan de projekten binne by Arcadia: it ferfolch op kulturele haadstêd dat takom jier fan maaie oant augustus barre sil.

Tamara Schoppert, artistyk lieder Broei

Trefwurden: 
jongerein Teater Arcadia broei
(Advertinsje)
(Advertinsje)