Erwin Zeinstra flagget kwartfinale op EK tusken Tsjechië en Denemarken

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp stiet sneon lâns de line by de kwartfinale op it EK tusken Tsjechië en Denemarken. Dy wedstriid wurdt spile yn it Olympysk Stadion yn Bakoe, Azerbeidzjan.
Erwin Zeinstra op dit EK © ANP
Zeinstra is ien fan de assistinten fan skiedsrjochter Björn Kuipers. Tsjechië - Denemarken wurdt de tredde wedstriid fan Team Kuipers.
Earder stiene se oan de lieding by Denemarken - België en Slowakije - Spanje, twa wedstriden yn de pûlfaze.