Slachtoffers fleanbasis komme beide út België; Definsje hat bylden fan crash

01 jul 2021 - 13:28

De beide slachtoffers dy't ferwûne rekke binne by in ynsidint op de fleanbasis fan Ljouwert, komme út België. Dat meldt Definsje. It liket derop dat it tastel út himsels begûn te akselerearjen.

Slachtoffers fleanbasis komme beide út België; Definsje hat bylden fan crash

Doe't de piloat it tastel net mear ûnder kontrôle hie, wie der noch in persoan dwaande oan it tastel. De piloat is mei de sjitstoel ûntsnapt. De F-16 is in gebou op de fleanbasis ynriden. Dêr rekke neffens definsje net ien ferwûne.

Neffens basiskommandant Henk Doorten binne der bylden fan it ynsidint. It soe himsels allegear yn in pear sekonden ôfspile ha. De slachtoffers, dy't beide út België komme, lizze yn it sikehûs, dêr't se in nei omstannichheden goed meitsje, sa seit Doorten.

'Onderdeel van het werk'

Dochs neamt de basiskommandant it ûngelok op de fleanbasis 'part of the business'. "Dit hoort bij het opereren. Er vinden incidenten plaats, dit is een van de incidenten", seit Doorten.

Neffens him wurdt der troch de piloaten oefene foar dit soarte situaasjes." Het is iets wat je ook beoefent in de simulator, dat een vliegtuig een mogelijkheid heeft dat als er er iets misgaat met de motor, dat die motor dan accelereert. De procedures zijn ook toegepast door de vlieger. Ook hulpdiensten in veld hebben adequaat erop gereageerd. In die zin is het onderdeel van het werk."

Swier skansearre

It fleantúch rekke swier skansearre, lykas it gebou en it glêzen lûdsskerm dêr't it fleantúch trochhinne riden is. "Natuurlijk zijn de vlieger en de crew chief het belangrijkste, hopelijk zijn ze snel herstellende", seit Doorten. "Ze zijn nog in ziekenhuis, naar omstandigheden maken ze het goed."

Sjoch hijr nei in petear mei basiskommandant Henk Doorten:

Trefwurden: 
fleanbasis F-16 crash
(Advertinsje)
(Advertinsje)