Ald-piloat: "Sjitstoel brûke je allinne as it echt net oars kin"

Op de fleanbasis yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke nei't in Belgyske F-16 yn de problemen kaam by it opstarten. Ek is in piloat mei de sjitstoel út syn F-16 sketten. Joop Bekkema, âld-piloat fan fleanbasis Ljouwert: "Dit is in hiel bewuste aksje, dy't jo dogge as it echt net oars kin."
© ANP
It is in hiele stap om de betreklike feilichheid fan de cockpit te ferlitten en dan it ûnwisse yn te gean mei sa'n stoel.
Ald-piloat Joop Bekkema
Neffens Joop Bekkema komt in fleantúch net samar yn de problemen. Ek it ferlitten fan de F-16 is hiel ûngewoan, seit Bekkema. "Dit is in hiel bewuste aksje, dy't jo dogge as it echt net oars kin. It is in hiele stap om de betreklike feilichheid fan de cockpit te ferlitten en dan it ûnwisse yn te gean mei sa'n stoel. Mar as jo op delstoarten steane moatte jo wol."
"Foar safier't ik it betinke kin, is it tastel op hol slein, dat ding is riden gien sûnder dat de piloat der wat oan dwaan koe. Hy hat in gebou op him ôf kommen sjoen", seit Bekkema. De F-16 hat in sjitstoel dêr't je ek op de grûn noch út springe kinne. "By de F-16 kinne je eins ûnder alle omstannichheden derút springe. Dat hat dizze man, foar safier't ik it begrepen ha, dien."

De F-16's

Dizze tongersdei hie in feestlik ôfskied wêze moatten fan de F-16's op fleanbasis Ljouwert. As âld-piloat sjocht Bekkema, nettsjinsteande it ûngelok, dochs posityf werom op de F-16's. Bekkema: "It tastel wie foar syn tiid in revolúsjonêr tastel. Dat is no de F-35 ek wol, mar hiel oars. De F-16 wie echt in hiel goed tastel."
Ald-piloat Joop Bekkema oer it ûngelok op fleanbasis Ljouwert