Knuffelknyn moast sinjaal wêze dat famke (15) te jong wie foar seks; Justysje easket selstraffen

01 jul 2021 - 12:46

Justysje easket selstraffen tsjin in tal mannen, omdat se seks hân ha soene mei in 15-jierrich famke. In knuffelknyn dat se by har hie, hie in dúdlik sinjaal wêze moatten, seit de offisier fan justysje.

Knuffelknyn moast sinjaal wêze dat famke (15) te jong wie foar seks; Justysje easket selstraffen

De mannen soene it famke betelle ha. Yn totaal komme der dizze wike sân klanten fan it famke foar de rjochter. De man dy't it famke oantrune ta prostitúsje moat him letter ferantwurdzje.

Foto: ANP

Justysje easket no 20 moannen sel tsjin in man út Drachten (40), plus tsien moannen ûnder betingst. Tsjin in man út Frjentsjer (23) en in Ljouwerter (25) binne seis moannen sel easke, plus fjouwer ûnder betingst. Tsjin in man fan 47 út Delfzijl is 15 moanne sel easke, wêrfan fiif ûnder betingst.

"Ik heb verkeerd gehandeld"

De man út Drachten hat foarich jier trije kear seks hân mei it famke. Yn de rjochtseal bruts er. "Dit is verschrikkelijk voor het meisje. Ik heb verkeerd gehandeld. Dit is zo stom van mij. Ik had moeten weten dat ze zo jong was." De man wurdt ek fertocht fan bedriging. Hy soe jild werom easke ha, omdat se 'net levere wat hy woe'. Hy drige nei har âlders te stappen, of nei de plysje, om har oan te jaan.

"Hij zou haar geheim openbaren. Behoorlijk intimiderend. En toen wist hij al dat ze minderjarig was. Hij was op zoek naar een vaste escort in de buurt. Zo stuurde hij haar een bericht dat ze haar pooier wel kan worden en dat hij dan gratis seks zou krijgen", sei de offisier fan justysje. Neffens in psycholooch is de kâns op werhelling grut. De man moat behannele wurde, seit er.

Skrokken fan eask

De advokaat fan de fertochte út Drachten, Maartje Schaap, fynt de eask fan 20 moannen sel te heech. "Mijncliënt en ik zijn erg geschrokken. We weten natuurlijk dat het onderwerp maatschappelijk beladen is. Mijn cliënt heeft al een poos in voorlopige hechtenis gezeten en dat er dan alsnog z'n eis komt, was wel een schok."

De Drachtster hat it famke ek bedrige om it geheim net bekend te meitsjen. "Ik heb de rechtbank gevraagd om de zaak in de hele context te bekijken. Hij had een bepaalde relatie opgebouwd met het meisje. Ze kwamen in contact en hadden ze ook bezoeken die niet seksueel georiënteerd waren." De offisier ynterpretearret de chats neffens har op in oare wize. De fertochte bruts meardere kearen op de sitting. "Hij is ergens in terecht gekomen wat hij niet had voorzien." Se hat ek each foar de oare kant, dy fan it minderjierrige famke. "Er zijn alleen maar verliezers."

Advokaat Maartje Schaap

Seks yn de auto

De man út Frjentsjer hat ien kear seks hân mei it famke, yn syn auto op in parkearplak yn Drachten. Neffens Justysje hat de man te min dien om har leeftiid te kontrolearjen. "Als je je je op het pad van prostitutie begeeft zitten daar risico's aan. Je moet weten dat er zoiets kan gebeuren", sei de offisier. De fertochte seit dat er net wist dat it famke minderjierrich wie. "In de advertentie stond dat ze 19 was. Ik had geen redenen om te denken dat ze 15 was." De man hat in ienmanssaak, en in selstraf soe dêr grutte gefolgen foar ha, seit er. "Dan verlies ik al mijn klanten, dan kan ik net zo goed stoppen."

De Ljouwerter sei ek dat er net wist dat it famke minderjierrich wie, dêr kaam er pas achter by it ferhoar. It famke wie 29 july ferline jier by him thús. De twa hawwe orale seks hân. De offisier fan justysje rekkenet it de fertochte ekstra swier oan dat er gjin kondoom brûkt hat.

Mear fertochten

In dei earder stiene twa mannen fan 22 jier âld foar de rjochter yn deselde saak. Tsjin harren easke Justysje ek selstraffen. Freed moatte der noch trije mannen foar de rjochter ferskine, dy't seks mei it famke hân ha.

Trefwurden: 
justysje misbrûk
(Advertinsje)
(Advertinsje)