Keunstrider Fernández López moat keunstriden werom bringe nei wrâldtop

01 jul 2021 - 11:17

In Spanjert moat it Nederlânske keunstriden werom bringe nei de wrâldtop. Ald-wrâldkampioen Javier Fernández López is troch de KNSB oanlutsen as adviseur by de oprjochting fan it nasjonaal treningssintrum keunstriden, dat takom jier fan start giet op It Hearrenfean. López set dizze wike syn hanteken ûnder in kontrakt.

Keunstrider Fernández López - Foto: Shutterstock / ID1974

De KNSB wol dat it keunstriden mear libje sil yn Nederlân. Dat moat troch it nije treningssintrum en troch de komst fan âld-wrâldkampioen Fernández López nei It Hearrenfean. "Hij wist kunstrijden ook in Spanje populair te maken. We hopen dat het op die manier ook in Nederland gaat lukken", seit Venhuizen fan de KNSB. "We zullen ook kijken of we ook meer entertainment vanuit het kunstrijden kunnen brengen."

De ôfrûne twa dagen wie de ferneamde keunstrider al yn Fryslân, om de sporters en de fasiliteiten te besjen. Sa hopet de KNSB dat de komst fan de Spanjert it keunstriden wer nei in heger nivo tille kin. "We hebben nu sinds 45 jaar eindelijk een plek op de Olympische Spelen. Dat hopen we over vier jaar nog eens te doen, ook in meerdere disciplines."

'Extra ijsvloer'

De KNSB hat de kar makke foar It Hearrenfean fanwegen de fasiliteiten dy't dêr no al binne. "Voor de beste faciliteiten komen we in Heerenveen uit", seit Venhuizen. "We hebben ons laten vertellen dat er ook ontwikkelingen zijn om mogelijk na te denken over een extra ijsvloer, maar vooralsnog kunnen we uit de voeten en gaan we volgend jaar gewoon van start."

(Advertinsje)
(Advertinsje)