PC sjocht ôf fan organisaasje keats-off

01 jul 2021 - 10:21

Der komt dit jier definityf gjin keats-off foar de 168e PC. De PC sjocht ôf fan de organisaasje. De keats-off is de striid tusken fjouwer partoeren dy't stride om it lêste plakje op de PC-list. De PC wurdt dit jier keatst op woansdei 4 augustus.

Foto: Henk Bootsma

De keats-off stie foar tongersdei 29 july op it programma. Dy waard troch it keatsbûn KNKB lykwols skrast, omdat der foar dy datum te min wedstriden plak fine koenen om ta in represintative rankingslist te kommen.

PC net bliid mei 'matige kommunikaasje'

Dêrfoar wie it nedich dat de frijeformaasjepartijen fan 31 july (Seisbierrum) en 1 augustus (Wytmarsum) noch meitelle moasten. De PC wie net bliid mei dit beslút en seker net bliid mei de matige kommunikaasje fan it keatsbûn oer dit beslút.

De PC woe plannen meitsje om de keats-off te organisearjen op moandei 2 augustus. Dat is ek de dei fan de lotting.

Te folle praktyske tûkelteammen

Organisaasje fan de keats-off op dy dei blykt lykwols te folle praktyske tûkelteammen op te smiten. De PC hat dêrom it beslút naam dit jier gjin keats-off te organisearjen.

It spyt de PC dat de suksesfolle keats-off net troch gean kin, mar it keatskolleezje stiet der oan de oare kant ek frij nuchter yn. PC foarsitter Ids Hellinga: "Wy hawwe gjin lijen om in toppe hea; dan ferkeapje wy leaver de geit."

Trefwurden: 
keatsen PC keats-off
(Advertinsje)
(Advertinsje)