F-16 botst tsjin gebou op fleanbasis; piloat ûntsnapt mei sjitstoel

01 jul 2021 - 10:56

By in ynsidint mei in F-16 op de fleanbasis yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. De Belgyske F-16 rekke yn de problemen by it opstarten. It fleantúch is dêrnei in gebou op de fleanbasis ynriden. De piloat is mei de sjitstoel út syn F-16 kaam.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma en in tsjûge oer it ynsidint:

It ynsidint wie op it taksyplatfoarm, dat leit midden op de fleanbasis. De piloat is nei it sikehûs brocht, hy is goed oansprekber. In persoan dy't yn it gebou oan it wurk wie dêr't it fleantúch ynried, is ek licht ferwûne rekke. Dy is op it plak fan it ynsidint behannele.

Hoe't de problemen ûntstean koenen, is op it stuit net bekend. Dat wurdt noch ûndersocht. Under oare de Onderzoeksraad voor Veiligheid sil op de fleanbasis in ferkennend ûndersyk dwaan nei it ynsidint.

Drok op de spottersbulte

Fleantúchspotter Tycho Del Grosso seach it gebeuren. "We stonden bij de spottersbult bij Marsum", fertelt er. "Ineens hoorden we heel veel kabaal. En op dat moment zie ik een staart van een F-16 over het platform rollen op redelijk harde snelheid."

It wie drok op de spottersbulte, fertelt Del Grosso. Dizze tongersdei soe de Ljouwerter fleanbasis offisjeel ôfskied nimme fan de F-16's. "Er waren heel veel mensen, dus ook heel veel mensen die het gezien hebben. Het had een heel mooie dag moeten worden, maar nu misschien wel trieste dag. We weten niet hoe met piloot is. Veel spotters stonden met trillende benen. Je schrikt je rot."

Trefwurden: 
Ljouwert fleanbasis F-16
(Advertinsje)
(Advertinsje)