Lêste F-16 fljocht út: ein fan in tiidrek op de fleanbasis fan Ljouwert

01 jul 2021 - 08:49

Nei 42 jier komt der in ein oan de stasjonearring fan F-16-jachtfleantugen op de fleanbasis yn Ljouwert. Yn dy tiid is it tastel útgroeid ta it wurkhynder fan de Nederlânske loftmacht. Fan 1993 oant ein 2018 waard it troch definsje geregeld ynset boppe konfliktgebieten.

Foto: Omrop Fryslân

Dit berjocht is online kaam foardat der tongersdeitemoarn in ynsidint wie mei in F-16 op de fleanbasis. De ôfskiedsfestiviteiten binne foarearst stillein.

It wie juny 1979. De earste Nederlânske F-16, flein troch kapitein Wim Sneek, kaam oan op de fleanbasis Ljouwert. Krekt as ferline wike waard fuort in Alvestêdetocht ôflein.

Yn de omlizzende doarpen naam de ûnrêst ta. "Hoe soe it komme mei de lûdshinder?", wie de fraach. De ûnrêst is troch de jierren net ferdwûn. Ek no is der ûnrêst, mar no oer de opfolger fan de F1-6, de F-35.

Mear fleantugen as earst

"We hienen doe ein jierren 70 echt wol soargen ja", seit Geert Verf fan Marsum. "De Starfighter, de F-104, makke in soad leven. Mar dêr wienen der net safolle fan hjir. Der soenen mear F-16's komme. Dat betsjutte ek dat der nije lûdskontoeren komme moasten."

Mids jierren 80 wiene der 59 F-16's stasjonearre op de fleanbasis: 46 iensitters en 13 twasitters ferdield oer de twa squadrons en de TCA (Tactische Conversie Afdeling). Fleaners learden dêr de oerstap te meitsjen fan de âldere tastellen nei de F-16.

En dy lûdsgrinzen soargen fuort foar ûnrêst. Der wie sprake fan it ôfbrekken fan 124 wenten yn Marsum en Jelsum. It doarp kaam yn opstân en yn 1985 wie de ôfbraak fan de baan en is in grut tal huzen isolearre.

Al mei al foel de ferwachte lûdsoerlêst ta, seit Verf. "Benammen yn de lâning is it in ridlik stil tastel. As dy âlde F-104 jûns fleach en werom kaam fan in misje, dan koest gewoan net sliepe. Dat foel mei de F-16 yn in goed isolearre hûs genôch ta."

34 kear in F-16 delstoart

Fan de goed twahûndert F-16's dy't op de fleanbasis stasjonearre west ha, binne der troch de jierren hinne 34 delstoart. Fjirtjin fleaners binne dêrby om it libben kaam.

Yn Fryslân gie it om F-16's dy't delstoart binne yn de Iselmar, de Lauwersmar, de Waadsee, op de Noardsee, yn de omkriten fan Flylân, de fleanbasis Ljouwert en tusken Arum en Frjentsjer. Ien fan de slimste ûngemakken mei tastellen fan de fleanbasis wie by Noordscheschut yn Drinte yn 1983. Twa F-16's crashten dêr yn in stik greide deun njonken in wenwyk. Beide fleaners kamen dêrby om it libben.

Misjes

Fan 1993 oant ein 2018 hat definsje de F-16 ynset boppe konfliktgebieten. Personiel fan de fleanbasis Ljouwert waard geregeld útstjoerd nei Italië foar misjes boppe de Balkan en nei Sardinië foar misjes boppe Libië. Fierder ek nei Kirgizië en letter Afganistan foar de striid tsjin de Taliban en Al-Qaeda en letter ek nei Jordanië foar de striid tsjin IS yn Syrië en Irak.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De ynset feroare troch de tiid hinne. It begûn mei de loftferdigeningstaak, mar op de Balkan kaam dêr al de taak foar it smiten fan bommen by.

Bombardeminten mei boargerdeaden

Dat late ta opskuor by de misje boppe Irak en Syrië. Nederlân wie ien fan de lannen dy't de measte wapenynset die. Ek binne der twa gefallen by dêr't boargerdeaden fallen binne. Dat gie om in bombardemint op in wapenfabryk yn Hawija en op in hûs yn Mosul.

Maklik fleane, mar krappe cockpit

De F-16's wienen hurd oan ferfanging ta. De ôfrûne jierren wie hieltyd mear ûnderhâld nedich om se goed yn de loft te hâlden. Dochs nimme de measte fleaners mei pine yn it hert ôfskied fan de F-16. It is in betrouber tastel dat maklik fljocht. De cockpit is allinnich wat krap foar de wat grutter útfallen fleaners.

De Nederlânske F-16's wurde ferkocht oan it Amerikaanske bedriuw Draken. Dat wurdt geregeld troch oerheden ynhierd as oefentsjinstanner.

Op it stuit wurkje der noch tusken de 800 en 850 minsken op de fleanbasis Ljouwert. Yn it ferline wienen dat der goed 1200. De ferwachting is dat it tal banen de kommende tiid wer tanimme sil.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert F-16 F-35
(Advertinsje)
(Advertinsje)