Wat kin tennisser Sander Arends op Wimbledon dit jier?

01 jul 2021 - 08:10

De Ljouwerter tennisser Sander Arends begjint dizze tongersei foar de fjirde kear yn syn karriêre oan it toernoai fan Wimbledon. It gerstoernoai yn Londen is miskien wol it grutste, meast ferneamde tennistoernoai yn 'e wrâld. Arends spilet op it hillige gers mei Matwé Middelkoop.

Foto: ANP

Arends en Middelkoop komme yn aksje yn de earste ronde. Harren tsjinstanners binne de Dútser Andre Begeman en de Eastenryker Jürgen Melzer. Ferslachjouwer Arjen Bosselaar folge Arends de ôfrûne jierren en hy sjocht foarút op de kânsen fan Arends op Wimbledon.

Begeman en Melzer, wat binne dat foar tsjinstanners?

"It binne twa âldere jongens. Sa is de Dútser 36 wylst syn maat Melzer al 40 jier âld is. Sy ha in soad ûnderfining. Melzer wie yn 2010 al winner fan it dûbeldtoernoai fan Wimbledon. Begemann en Melzer foarmje dit jier gjin fêst koppel, dus miskien dat se noch wat oan elkoar wenne moatte. Dêr kinne Arends en Middelkoop miskien gebrûk fan meitsje."

Hoe sterk binne Arends en Middelkoop as koppel?

"Arends en Middelkoop binne ek gjin fêste maten. Arends spilet gewoanwei mei David Pel, en Middelkoop mei Marcelo Arevalo út El Salvador. Om't dy lêste in blessuere oprûn hat, en Pel noch net op nivo is nei in coronabesmetting, spylje beide Nederlanners no mei syn beiden."

Sander Arends (rjochts) en Matwé Middelkoop spilen yn 2018 ek op Wimbledon - Foto: ANP

"Dat is net foar it earst. Arends en Middelkoop ha in pear jier lyn gearwurke yn it gersseizoen. Dat smiet doe in finaleplak op by it toernoai fan Antalya yn Turkije, en op Wimbledon hellen se doe de twadde ronde."

Wat meie we fan Arends en Middelkoop ferwachtsje?

"Matwé Middelkoop is de nûmer 35 fan de wrâld, Arends de nûmer 92. Hoewol't it gjin fêst koppel is, kenne de manlju inoar wol goed. Se binne bûten it tennis ek freonen. Neffens Arends kin dat helpe, om't se fan elkoar witte hoe't der spile wurdt en wat se oan elkoar ha."

Arjen Bosselaar sjocht foarút mei Sander Arends

Om't it spylskema yn Londen troch it wiete waar fan ôfrûne dagen fertraging oprûn hat, wurde partijen yn it dûbeldspul de kommende dagen ynkoarte. Dêr't je gewoanwei trije sets winne moatte, binne dat der yn ronde 1 en 2 fan it dûbeldspul dit jier twa.

It kin ek samar sa wêze dat der tongersdei wer in soad rein falt yn Ingelân. Yn dat gefal komt Arends freed pas yn aksje. Of, by in soad wetter, noch letter.

"De meast suksesfolle dûbeldspiler op de baan sil de Eastenriker Melzer wêze, mar hy kaam dit jier allinnich noch mar yn aksje op Roland Garros. Hy hat dus gjin wedstriidritme. It sil in spannend duel wurde, mar ik jou Arends en Middelkoop in goede kâns om troch te gean."

En yn de rest fan it toernoai?

"De Ljouwerter en syn maat ha gjin gelok hân by de lotting. By winst yn de earste ronde komme se nei alle gedachten Marcelo Melo út Brazilië en syn Poalske maat Lukasz Kubot tsjin. Dy beide steane by de earste tweintich op de wrâldranglist en binne as achtste pleatst op Wimbledon.

De Braziliaan en de Poal ha de ôfrûne jierren faker as duo spile. Sa wiene se yn 2017 noch winner fan Wimbledon tegearre. By winst yn de earste ronde wurdt it yn 'e twadde ronde tsjin dizze twa manlju wol hiel dreech."

(Advertinsje)
(Advertinsje)