Dútslân hat min nijs foar Lelyline: rappe trein Grins-Bremen 'net ynteressant'

01 jul 2021 - 06:40

De Dútske steatssekretaris fan Ferkear Enak Ferlemann fynt de spoarline fan Grins nei Oldenburg net geskikt foar in flugge, ynternasjonale treinferbining fan Nederlân nei Hamburg en Skandinavië. Ferlemann seit dat yn de FryslânDOK Spoarsykje, dy't Omrop Fryslân it kommende wykein útstjoert.

Dútslân hat min nijs foar Lelyline: rappe trein Grins-Bremen 'net ynteressant'

It stânpunt fan de steatssekretaris is min nijs foar de lobbyisten foar de Lelyline, want de flugge ynternasjonale treinferbining mei Hamburg en Skandinavië wurdt faak neamd as wichtich argumint foar de oanlis fan dy nije spoarline fan Lelystêd nei Grins oer It Hearrenfean en Drachten.

Te min passazjiers, net rendabel

De Dútske autoriteiten hawwe neffens steatssekretaris Ferlemann nei dizze mooglikheid sjoen, mar binne ta de konklúzje kaam dat der yn Noard-Nederlân en it gebiet westlik fan Bremen te min potinsjele reizgers wenje om sa'n flugge spoarline rendabel te meitsjen.

"Wy hawwe it trasee ûndersocht. Us konklúzje is dat der te min passazjiers binne om hjir in flugge trein rendabel ride te litten. Grins-Oldenburg is allinnich geskikt foar in regionale spoarferbining. Dy kinne je wol wat útbouwe en ferlingje oant Bremen, mar mear sit der net yn", sa seit hy.

Fia Osnabrück

Neffens Ferlemann giet de rapste spoarferbining fan Hamburg of Bremen nei Nederlân oer Osnabrück en Hengelo. Sels út Oldenburg wei kinne je neffens him it bêste oer Bremen en Osnabrück nei Nederlân reizgje.

Steatssekretaris Enak Ferlemann op it stasjon fan Oldenburg - Foto: Omrop Fryslân

Alle treinen út Skandinavië wei sille yn de takomst oer Hannover of Osnabrück ride. In flugge trein fan Skandinavië oer Hamburg nei Grins leit net foar de hân.

Enak Ferlemann, steatssekretaris fan Ferkear

"It giet by treinferkear net allinnich om de koartste rûte, mar ek om hoe fluch de trein oer in trasee ride kin. Alle treinen út Skandinavië wei sille yn de takomst oer Hannover of Osnabrück ride. In flugge trein fan Skandinavië oer Hamburg nei Grins leit net foar de hân."

Oerlis mei Van Veldhoven

Ferlemann hat yn syn funksje geregeld oerlis mei syn Nederlânske kollega Stientje van Veldhoven en ek mei de NS-direksje. Dy binne it neffens him iens mei it Dútske stânpunt dat in rappe ynternasjonale treinferbining rendabel wêze moat.

"It is mar hiel bot de fraach oft in flugge spoarline Grins-Oldenburg-Hamburg wol út kin. Doe't we dat ûndersocht hawwe, wie dat net sa. De grutte fraach is en bliuwt: binne der wol genôch reizgers foar in flugge trein troch it Noarden? Ik sjoch se op dit stuit net."

Gjin plannen foar Trans-Europa-Express

Dútslân hat koartlyn in grutte konferinsje holden oer de takomst fan it ynternasjonale treinferkear. Op dy konferinsje stie it nije treinkonsept TEE, de Trans-Europa-Express, sintraal. De TEE is in flugge ynternasjonale trein dy op syn minst twa steatsgrinzen passearret, lykas in flugge trein fan Eastenryk nei Nederlân.

Op de kaart fan de mooglike TEE-ferbiningen stiet yn Noard-Nederlân en ek hiel Noardwest-Dútslân net ien spoarline tekene.

Stikkene spoarbrêge

Dat de spoarferbining tusken Grins en Oldenburg net yn byld is hat mooglik ek te krijen mei de stikkene Friesenbrücke. De 70 jier âlde spoarbrêge oer de Eems is yn desimber 2015 fernield troch in slimme oanfarring en leit der 5,5 jier letter noch krekt sa by.

De stikkene Friesenbrücke by Weener - Foto: Omrop Fryslân

Wa't no yn Grins op de trein stapt nei Dútslân moat dêrom yn it plakje Weener of al yn Grins yn de bus stappe foar de reis nei Leer. Dat makket dy ferbining der fansels net rapper en oantrekliker op.

Wunderline

Healwei july wurdt begûn mei de sloop en bou fan in nije Friesenbrücke, dy't op it lêst yn 2024 klear wêze moat. Dan kin de 'Wunderline', de nije treinferbining fan Grins nei Bremen, pas echt los. De Dútsers omskriuwe dit as 'Nah-ferkear', in regionale trein foar koarte ôfstannen.

Der binne oan de Dútske kant sels plannen foar nije stasjons en halteplakken yn doarpen as Bunde en Ihrhove, wêrtroch't de trein yn de takomst earder faker as minder faak hohâlde sil.

Foar it pleatslike ferkear is der no yn fearpont, mar dy fart allinnich by heech wetter - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei de Dútse steatssiktaris Enak Ferlemann

FryslânDOK: Spoarsykje

  • Sneon 3 juny NPO2 15.30 oere
  • Snein 4 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
(Advertinsje)
(Advertinsje)