Avantia betinkt slachtoffers moderne slavernij mei fyftjin skilderingen op fazen

Mei skilderingen op fyftjin keramyske fazen wol keunstneres Avantia Damberg op dizze 1 july stilstean by slachtoffers fan moderne slavernij op Kurasao. It is dizze dei Keti Koti, de dei dy't it ôfskaffen fan de slavernij betinkt. Dat wie op 1 july yn 1863.
Avantia Damberg oer har skilderwurk en har ferbining mei Ljouwert
Damberg is berne yn Ljouwert en wennet no op Kurasao. Op it eilân yn de Antillen is de slavernij in part fan de skiednis en de kultuer. Damberg is ien fan de dielnimmers oan Free Heri Heri. Under dy namme binne yn ús provinsje ferskate aktiviteiten. Heri heri is in Surinaamsk gerjocht dat eartiids it belangrykste iten fan slaven wie.
Ljouwerters kinne tongersdei fergees heri heri priuwe. It fergees diner stiet ûnder lieding fan kok Reitse Spanninga en Judith Cyrus. Nei it iten is der in kuiertocht troch de Ljouwerter binnenstêd, by lokaasjes del dy't in rol spile ha yn it Fryske slavernijferline.
Damberg is dizze dagen yn Ljouwert, dêr't se keramyske fazen beskilderet mei ôfbyldings fan Sinezen. Se docht dat op fersyk fan Open Stal yn Aldeberkeap. Dy ha dit jier as tema 'tolerantie, vrijheid en vrede'.

Fazen foar slachtoffers moderne slavernij

Yn it atelier fan Lies Huet yn de Blokhúspoarte wurket Damberg oan har projekt. Se beskilderet fyftjin fazen, dy't symboal steane foar de moard op 15 Sinezen yn 1942 op Kurasao troch de militêre bewakers fan in dochterûndernimming fan Shell.
Avantia Damberg oan it skilderjen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Slachtoffers fan 'moderne slavernij', seit Damberg. "Als je 35 jaar was, was je eigenlijk al op." Sa swier wie it wurk.

Staking rûn út op bloedbad

"Tijdens de Tweede Wereldoorlog gingen ze staken, want de Duitsers torpedeerden de tankers, die slecht bewapend waren." Mar stake mocht net: se moasten wurkje om de alliearden fan oalje te foarsjen, seit Damberg. En it rûn dus net goed ôf: "Dat mondde uit in een bloedbad."
De geschiedenis van mijn voorouders is heel belangrijk geweest voor mijn eigen ontwikkeling.
Keunstneres Avantia Damberg
Damberg is bliid dat se mei har projekt oanslute kin by de manifestaasje Free Heri Heri. "De slavernij is onderdeel van het dagelijks leven op Kurasao", leit Damberg út. "De geschiedenis van mijn voorouders is heel belangrijk geweest voor mijn eigen ontwikkeling. De innerlijke drang en kracht om te overleven, menswaardig te willen zijn."
Avantia Damberg en har fazen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Har earste sân jier hat Avantia Damberg yn de Antillenflat yn Ljouwert wenne. Se helle yn 2007 har bachelordiploma oan de Gerrit Rietveld Academie. Har koarte film '1 zone waard' selektearre foar it Nederlands Film Festival. Fierder hat Damberg in pear jier yn de Amsterdamske kulturele sektor wurke.
Yn 2012 is se ferhuze nei it lân fan har âlden, Kurasao. Se makket keunst mei in Kurasaoske of Karibyske identiteit. Damberg hat eksposysjes hân yn Amsterdam, Parys, Tallinn, Madrid, Meksiko-Stêd, Berlyn en Miami.
Reitse Spanning en Evelyn Andoh wurkje oan it gerjocht heri heri, dat fergees útdield wurdt: