Hast hûndert dielfytsen foar Fryske treinstasjons

Op hast alle Fryske treinstasjons komme dielfytsen te stean. Dy kinne brûkt wurde troch minsken dy't mei it iepenbier ferfier reizgje, mar mei de trein of bus noch net har einbestimming berikke.
© Shutterstock / Henk Vrieselaar
De reizgers kinne dan nei de einbestimming ta op de dielfyts en dy fyts nei de tiid wer op it stasjon sette. De provinsje, Arriva en Deelfiets Nederland hoopje mei sokke fytsen it brûken fan it iepenbier ferfier te stimulearjen. Mei-elkoar komme der 96 dielfytsen op de Fryske stasjons te stean. In dielfyts is wat oars as in OV-fyts.
Tongersdei wurdt de earste presintearre op it stasjon fan Mantgum, it stasjon dat troch reizgers it bêste wurdearre wurdt fan alle treinstasjons yn Fryslân.