Jan Teade Nauta wint earste fierljepwedstriid, Van der Wal fier by froulju

30 jun 2021 - 21:51

Jan Teade Nauta hat woansdeitejûn de earste fierljepwedstriid fan it seizoen wûn. De ljepper fan Drylts kaam yn It Heidenskip ta in ôfstân fan 19,17 meter. It wie mar krekt de bêste ôfstân fan de dei, want by de junioaren ljepte Rutger Haanstra mar ien sintimeter minder fier. By de froulju iepene Marrit van der Wal it seizoen spektakulêr.

Jan Teade Nauta oer de winst:

Nauta sette syn winnende ôfstân del yn syn twadde poging. Hy ljepte 71 sintimeter fierder as de nûmer twa by de senioaren, Nard Brandsma fan Warkum. It tredde plak wie foar Age Hulder út Tytsjerk mei 18,41 meter. De ferrassende Fryske kampioen fan foarich jier, Rutger Piersma, kaam net fierder as 16,15 meter. Hy waard dêrmei sânde.

Yn de oergongsklasse sprong Jarno Hoekstra fan Drylts nei 18,64 meter, fierder as alle oare senioaren útsein Nauta.

Protte junioaren fierder as senioaren

Tal fan junioaren ljepten fierder as de senioaren. Haanstra wûn dus yn syn wenplak mei 19,16 meter. Mar ek Riemer Durk Krol fan Heech (18,51, in persoanlik rekôr) kaam fier. En Wisse Broekstra, dy't dit jier foar it earst by de junioaren meidocht, sette mei 18,10 meter in prima ôfstân del, goed foar it tredde plak.

Jan Teade Nauta - Foto: Martin de Jong

Marrit van der Wal pakte, sa as sa faak, de winst by de froulju. Har winnende ôfstân wie 17,08 meter. Dat is de bêste ôfstân ea yn in seizoensiepening en presys like fier as de bêste ôfstân dy't foarich seizoen yn it hiele jier delset is by de froulju. Doe pakte Sigrid Bokma goud op it NK yn Burgum mei in persoanlik rekôr fan 17,08 meter.

Marrit van der Wal makket yndruk mei topsprong:

Van der Wal wennet sûnt koart foar har wurk yn Eindhoven en docht yn prinsipe allinnich yn de wykeinen mei. Woansdei wie se der wol by, ek omdat se foarsitter is fan de fierljepferiening fan It Heidenskip.

Van der Wal har ôfstân wie hast trije meter fierder as de nûmer twa, regearjend Frysk kampioene Tessa Kramer. Sy ljepte nei 14,20 meter. Pytrix Westra, foarich seizoen noch Frysk kampioene by de famkes, waard tredde mei 14,11.

Marrit van der Wal yn aksje - Foto: Martin de Jong

Persoanlik rekôrs by de jonges

By de jonges gong de oerwinning nei Arend Veenstra út Surhuzum. Hy kaam ta in ôfstân fan 16,15 meter, in persoanlik rekôr. Auke Jan Jilderda waard, ek mei in persoanlik rekôr, twadde: 15,60 meter.

Hanneke Westert pakte de winst by de famkes. Sy ljepte nei 14,44 meter en bleau Hilde van der Weij út Sint-Jabik 13.84 sintimeter foar.

Besjoch de reportaazje

(Advertinsje)
(Advertinsje)