Djoer ferlies Friesland Flyers

© Nicolien Sijtsema
De Friesland Flyers ha sneintejûn de bekerwedstriid yn en tsjin Herentals mei 6-4 ferlern. De perioadestannen yn België: 1-1, 2-1 en 3-2. Jamie en Jason Visser, Michael Nason en Joey Sides wiene de skutters by de Flyers. Mei noch twa wedstriden te gean liket in plakje by de earste fjouwer, goed foar de heale finale, net mear helber. De Flyers stean no fiifde en ha fiif punten minder as nûmer fjouwer Tilburch. Dy ploech komt noch trije kear yn aksje.