Rotterdammers oanholden foar oplichting fan Lippenhúster

30 jun 2021 - 20:15

De plysje hat twa ynwenners fan Rotterdam oanhâlden omdat se in ynwenner fan Lippenhuzen oplichte woenen. Se waarden op 'e die trappearre.

Foto: Plysje East-Fryslân

De twa (20 en 21 jier) benaderen in ynwenner fan Lippenhuzen mei de meidieling dat dy syn bankrekken hackt wie en dat syn bankpas ophelle wurde soe.

Doe't de twa dat dwaan soene, mei as doel jild fan de rekken te heljen, waarden se oanhâlden troch de ynskeakele plysje. Neffens de plysje komt soksoarte oplichting geregeld foar.

Trefwurden: 
plysje oplichting Lippenhuzen
(Advertinsje)
(Advertinsje)