Keunstwurk foar Foekje Dillema yn Boerum fernield

30 jun 2021 - 19:26

It keunstwurk foar atlete Foekje Dillema yn Boerum is fernield. Der sitte barsten yn it glês fan it gebouke, dat yn de greide oan it Satellietpad stiet.

Foto: Noordernieuws

It keunstwurk, in kapeltsje mei dêryn in lotusblom yn de knop, is yn 2014 ûntbleate. It doarpsbelang fan Boerum wol útsykje wannear't de fernieling west hat. Se dogge oanjefte by de plysje.

Earste slachtoffer ferplichte geslachtskeuring

Foekje Dillema (1926-2007) wie in atlete út Boerum. Yn de koarte perioade dy't se aktyf wie yn de atletyk, wie se in grutte konkurrinte fan Fanny Blankers-Koen, dy't, oant Dillema meidraafde, in hegemony hie op de 200 meter. Nei't Dillema har ôfmelde foar in seksetest, is se troch de Keninklike Nederlânske Atletyk Uny skorst foar it libben. Nei har dea die in DNA-ûndersyk bliken dat Dillema in 'mozayk' wie fan manlike en froulike gromosomen.

Dillema wie yn 1950 it earste slachtoffer fan in ferplichte geslachtskeuring, skriuwt har biograaf Max Dohle.

De KNAU hat nei har ferstjerren yn 2007 ekskuzen oanbean en har persoanlike rekôr op de 200 meter erkend. Neffens Andere Tijden Sport wie de skorsing fan Dillema it grutste skandaal yn de Nederlânske sportskiednis.

Mear keunstwurken foar Dillema

Net allinnich by Boerum wurdt Dillema eare: op sportpark Nijlân yn Ljouwert stiet in keunstwurk fan Ids Willemsma. En oan de gevel fan Meckama State yn Kollum is ôfrûne novimber in grutte ôfbylding fan Dillema pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)