Hinnen yn part fan Fryslân meie nei acht moannen wer nei bûten

30 jun 2021 - 19:19

Yn in part fan Fryslân is de ophokplicht fan hinnen sûnt woansdei net mear fan krêft. De ôfskerm- en ophokplicht is yn Eaststellingwerf en in part fan Weststellingwerf ynlutsen. De grins leit op de sneldiken A32 en A7.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

Dat hat lânbouminister Schouten oan de plomfeesektor ferteld. Foar de oare regio's bliuwt de ôfskerm- en ophokplicht wol fan krêft.

'Lytse kâns op besmetting'

Schouten fynt it ferantwurde om de ophokplicht yn guon regio's op te heffen. Dy regio's ha, op basis fan ynformaasje út eardere fûgelgrypseizoenen, in lytse kâns dat der in besmetting opdûkt op in plomfeebedriuw. "Ook zijn hier geen HPAI uitbraken op pluimveebedrijven geweest en gaat het niet om pluimveedichte gebieden", skriuwt de minister. "Daarnaast zijn er sinds half mei geen besmette wilde vogels gevonden."

Yn Nederlân binne sûnt 21 maaie gjin besmettingen mear fûn op plomfeehâlderijen. Yn Baarn (Utrecht) en Klaaswaal (Súd-Hollân) binne koartlyn noch wol wylde fûgels fûn dy't besmet wienene mei it firus.

Op oare plakken yn Europa sirkulearret it fûgelgrypfirus ek noch ûnder wylde fûgels, dy't ek bisten op plomfeehâlderijen besmette. Yn Dútslân is koartlyn noch in lyts bedriuw rekke, yn de dielsteat Nedersaksen, dy't oan Nederlân grinzet. Yn Poalen ha de ôfrûne trije wiken trije útbraken west.

Net allinnich de hinnen, mar ek de boeren hienen lêst fan de ophokplicht. Se mochten sûnt febrewaris har aaien net mear ferkeapje as biologysk of as frije-útrinaaien, omdat de hinnen te lang binnen sieten. Dat smyt minder jild op foar de aaien.

It gebiet dêr't de ophokplicht opheft wurdt - Foto: Twadde Keamer

Yn de regio's dêr't de plicht opheft wurdt - stikken om Drinte hinne - binne yn totaal sa'n 60 bedriuwen mei in útrin en 15 biologyske bedriuwen. Op dy bedriuwen kinne de hinnen nei acht moannen wer nei bûten.

It plomfee siet binnen om fersprieding fan de fûgelgryp foar te kommen. Earst waarden benammen wylde fûgels troffen yn it noarden fan Fryslân en yn Midden-Nederlân. Letter waard it firus ek oantroffen op plomfeebedriuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)