Dantumadiel yn heger berop yn subsydzjesaak MFC Feanwâlden

30 jun 2021 - 17:53

It kolleezje fan de gemeente Dantumadiel giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter oer de subsydzje fan multyfunksjoneel sintrum MynSkip yn Feanwâlden. De gemeente hie subsydzje takend en letter wer ynlutsen. Dat is ûnterjochte, bepaalde de rjochtbank twa wiken lyn.

It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

MFC MynSkip soe yn totaal mear as in miljoen subsydzje krije. De útspraak fan de rjochter soe betsjutte dat de ferliende subsydzjes yn stân bliuwe en troch de gemeenteried fierder behannele wurde moatte.

It kolleezje fan Dantumadiel 'sjocht arguminten' om yn heger berop te gean. "De uitspraak is vooral opgehangen aan de letterlijke formuleringen van de raadsbesluiten", skriuwt it kolleezje yn in parseberjocht. Neffens it kolleezje stelt de ried allinnich budzjet beskikber en giet it kolleezje sels oer it echt takennen derfan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)