Rouboerd nei 226 jier werom yn Ljouwerter tsjerke

Nei 226 jier is it werom yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert: it rouboerd fan Douwe Aylva van Loo, dy't yn 1669 ferstoar. It rouboerd ferdwûn yn 1795 út de tsjerke en wie jierrenlang poater.
17e-iuwsk rouboerd werom yn Ljouwert
Op it rouboerd is in grutte helm mei reade en wite fearren te sjen. It famyljewapen fan Douwe Aylva van Loo, twa krusende swurden en fjouwer klaverkes op in reade achtergrûn, stiet yn it midden. Dêr omhinne stean sechstjin famyljewapens, allegearre fan foarâlden fan dizze Aylva.

Ferdwûn yn 1795

Under ynfloed fan de Frânske besetter moasten roubuorden yn 1795 fuorthelle wurde. It wiene 'haatlike oerbliuwsels fan ûngelykheid en heechmoed', sa waard sein. Famyljewapens op grefstiennen waarden ek fuorthelle. Nei de Frânske tiid kamen in soad roubuorden wer boppe wetter.
It rouboerd fan Aylva van Loo wie de ôfrûne jierren yn partikuliere hannen. De hjoeddeistige eigener hat it no skonken oan de tsjerke.
Wa wie Douwe Aylva van Loo?
Douwe Aylva van Loo (1639-1669) wenne op Mammema State yn Jellum. Yn 1658 waard er kapitein en ritmaster. Twa jier letter hâlde er op by de kriichsmacht en waard er grytman fan Baarderadiel, nei't de heit fan syn takomstige frou ferstoarn wie. Douwe troude yn 1660 mei Helena Douwes Botnia (1647-1708). Hy siet oant it jier 1665 yn de Steaten en makke ek diel út fan de ried fan de Admiraliteit. Op 30-jierrige leeftiid ferstoar Douwe Aylva van Loo.
Ad Fahner, dy't rûnliedingen jout yn de Grutte of Jakobinertsjerke, hat him yn it rouboerd fan Douwe Aylva van Loo ferdjippe. Hy wit noch net krekt wêr yn de tsjerke dizze man lein hat. Yn in grêveboek út 1802 stiet dêr yn alle gefallen neat oer. Mar hy is yn 1669 ferstoarn. Dêr sit 140 jier tusken, fertelt Fahner.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Fahner hat yn it argyf fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert wol in tekening fûn mei dêrop Aylva van Loo. De tekening is makke nei oanlieding fan de begraffenis fan Willem Frederik. Dêrop stiet de roustoet mei de pommeranten fan dy tiid werkenber ôfbylde. Douwe wie grytman, sis mar boargemaster, fan Baarderadiel. Hy wie in bobo en mocht dus ek op it skilderij, seit Fahner.
In portret fan Douwe Aylva van Loo (1639-1669) troch Franciscus Carré yn 1666 © Fries Museum (PO103-04)
"Ik dacht laatst bij mezelf, er zijn heel wat Leeuwarders die dit bord nooit gezien hebben. en wij zien het weer", glimket Fahner. "Dat is toch mooi? In de 18e eeuw heeft een toerist ooit over deze kerk gezegd: Door de vele eretekens kun je het wit van de muur niet meer zien. Dat zien we nu nog wel. Dus misschien komen er nog meer eretekens terug."