Justysje easket oant 3 jier sel foar seksuele eksploitaasje 15-jierrige

30 jun 2021 - 16:53

It Iepenbier Ministearje easket finzenisstraffen oant trije jier tsjin twa Fryske manlju dy't in 15-jierrich famke út Drachten prosituearre hawwe soene. Se brochten har tusken maaie en augustus 2020 nei seksôfspraken yn Fryslân en Grinslân. Se soenen ek in part fan de opbringst krigen ha.

Rjochtbankferslachjouwer Noor Vloeimans oer de saak:

Neffens de manlju wie it famke sels de prostitúsje yn stapt. De 22-jierrige fertochte út Burgum hie har trije kear fuort brocht, de man út Hurdegaryp (ek 22 jier) ien kear. De manlju sprekke tsjin dat se der jild oan fertsjinje woenen.

Oantrune troch man dy't him foardie as frou

It famke bedarre yn de wrâld fan betelle seks fia socialmediakontakten mei in prostituee fan sa'n tweintich jier. De frou, yn it echt in man fan 37 jier, trune har oan om itselde wurk te dwaan. De Burgumer fertochte wie har earste klant. Hy joech yn de rjochtbank ta dat er wist dat se minderjierrich wie. De oare fertochte jout dat net ta.

De Burgumer wurdt der ek fan fertocht dat er seksadvertinsjes makke hat, wêryn't it famke omskreaun wurdt as mearderjierrich, en it regeljen fan ôfspraken. Fierder is er te sjen op seksfideo's mei har en soe er neakenfoto's fan har hân ha, dy't er ek fersprate.

Behannelje litte

Tsjin de Burgumer is trije jier sel easke, wêrfan ien ûnder betingst. Hy moat him fan it OM ek behannelje litte oan syn ferslavingen en steurnissen. Neffens saakkundigen hat er in foarm fan autisme en is er minder tarekkenber.

Fierder easket it OM seis moanne sel tsjin de man út Hurdegaryp. By him binne gjin psychyske steurnissen fêststeld.

Kommende dagen mear

Sân klanten fan it famke út Fryslân en Grinslân ferskine de kommende twa dagen foar de rjochter. De man dy't it famke oantrune ta prostitúsje komt der letter foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)