Grutte Earen Boerum hoege net fuort foar 5G

Satellytbedriuw Inmarsat hoecht de ûntfangstskûtels fan Boerum foarearst net te ferpleatsen fan de rjochter. It stasjon wurdt brûkt foar needoproppen. It kabinet wol de besteande frekwinsjes fan de 'earen' frijmeitsje foar 5G. De rjochter is it dêr net mei iens, want der lizze ynternasjonale ôfspraken oer de needopropfrekwinsje.
© Wikipedia
De skûtels fan Inmarsat wurde brûkt foar needoproppen yn in grut part fan de wrâld. Dan giet it om sinjalen fan skippen en fleantugen. Mar se binne troch it kabinet no ek tawiisd foar 5G. De ûntfangstskûtels fan Boerum soene nei it bûtenlan ferpleatst wurde moatte, want it soe rappe telekommunikaasje (5G) yn it paad stean.

Betroubere needkommunikaasje

Needkommunikaasje moat betrouber wêze, sa fynt de rjochter. Dat is it net mear as it kabinet syn sin kriget en de skûtels brûkt wurde foar de oare frekwinsje foar 5G.

Nasjonale frekwinsjewiziging stiet mooglik faai

Steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken hie yn it foar better neitinke moatten oer in feilige oplossing foar de needkommunikaasje. Se moat fan de rjochter yn oerlis mei Inmarsat en oare partijen in oplossing sykje dy't de ynternasjonale needfrekwinsje net yn gefaar bringt. Slagget dat net, dan giet it hiele plan fan it Ryk om de frekwinsjes te wizigjen mooglik net troch.