Deputearre wol 'sterkere' stúdzje Frysk en in nije heechlearaar mei 'Frysk profyl'

30 jun 2021 - 16:20

It Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins soe wer in folweardige stúdzje wurde moatte. Dat seit kultuerdeputearre Sietske Poepjes. Sy makket har soargen oer de takomst fan de stúdzje Frysk yn Grins en hat dat ek oan de universiteit witte litten.

Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins - Foto: Shutterstock

Frysk is sûnt in jiermannich ûnderdiel fan de bredere stúdzje 'Minorities en multilingualism' en dêrmei gjin selsstannige stúdzje mear, mar in spesjalisaasje: de saneamde Frisian track. Poepjes hat sinjalen krigen dat de beskikbere tiid en romte foar it Frysk 'te krap wurden is'.

De provinsje wol dêrom graach meiprate oer it profyl fan de nije professor Frysk, dy't takommend jier heechlearaar Goffe Jensma opfolgje sil. Omdat de provinsje Fryslân finansjeel bydraacht oan it yn stân hâlden fan de stúdzje Frysk is dat neffens Poepjes net ûnridlik.

It kin net!

De RUG oer it fersyk fan Poepjes

De Ryksuniversiteit lit witte der prinsipieel op tsjin te wêzen om eksterne partijen meiprate te litten oer it ynfoljen fan fakatueres en reagearret yn de eigen universiteitskrante op Poepjes har fersyk mei de wurden 'It kin net!'

'Net samar in learstoel'

"It is net ûngebrûklik dat in partij dy't meibetellet oan in learstoel ek meisjocht by de ynfolling dêrfan", fertelt Sietske Poepjes. "It Frysk is net samar in learstoel, mar in learstoel mei in polityk profyl. De provinsje hat der belang by en it Ryk trouwens ek."

Deputearre Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

De deputearre pleitet foar in folweardige stúdzje, wêrby't it Frysk 'yn syn folsleine hear en fear' bestudearre wurde kin. "As it heal kin moatte we wer werom nei in selsstannige stúdzje Frysk."

De woartels fan de taal trochjaan

De deputearre is har bewust dat it tal studinten Frysk net sa grut is. "De wearde by it Frysk sit him net yn de oantallen, mar it sit him yn de kennis fan de roots fan ús taal, en ek fan fakken as it Aldfrysk. Je hawwe minsken nedich dy't de woartels fan de taal goed kenne en dy ek trochjaan kinne."

Poepjes hat begryp foar it prinsipe fan de 'akademyske frijheid' dy't de RUG útdrage wol. "De polityk moat gjin minsken oanstelle, mar hielendal gjin ynfloed is ek in brêge te fier. We moatte hjir in wei yn fine."

Harkje nei deputearre Sietske Poepjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)