Bern fan 12 jier en âlder kinne tongersdei prik helje op Skylge en It Amelân

Op Skylge en It Amelân wurde de kommende dagen al bern fan 12 jier en âlder faksinearre tsjin it coronafirus. It binne de earste gemeenten dêr't bern in prik helje kinne.
De Brandaris op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Skylgers tusken de 12 en 17 jier kinne op tongersdei, freed, sneon en snein delkomme foar in prik. Amelanners kinne de kommende trije dagen teplak. Se hoege gjin ôfspraak te meitsjen en ha gjin útnûgingsbrief nedich. In identiteitsbewiis of boargerservicenûmer is genôch.

Bern op Skier allinnich woansdeitemiddei noch

Woansdei prikte de GGD de earste bern op Skiermûntseach al. De GGD wie dêr om folwoeksenen te faksinearjen. Doe't minister Hugo de Jonge grien ljocht joech, hat de GGD besocht om alle bern op Skiermûntseach te berikken foar in prik. Dy koenen dêr oant 17.00 oere teplak. Tritich bern fan Skiermûntseach ha woansdei in prik helle, alve net.
Flylanner bern komme letter oan bar. Dêr wie de GGD de ôfrûne dagen dwaande mei it prikken fan folwoeksenen, mar yntusken net mear.
Foar de folwoeksenen op de Waadeilannen wienen earder ek spesjale faksinaasjedagen. De GGD kaam doe nei de eilannen, sadat de eilanners net nei it fêstelân hoegden. Op de fjouwer eilannen wenje yn totaal sa'n 10.000 minsken.
Yn de rest fan it lân kinne bern fan 12 jier en âlder fan freed ôf in ôfspraak meitsje foar in coronaprik. Fan 10.00 oere ôf binne de âldsten oan bar, dy't yn 2004 berne binne. Dêrnei wurdt alle dagen sjoen oft nije bertejierren útnûge wurde kinne. De earste prikken wurde fan takom wike ôf set.
ET 10, it faksinaasjeplak op Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Bern tusken de 12 oant en mei 17 jier meie sels bepale oft se in faksin ha wolle. Elkenien ûnder de 16 jier moat dat wol dwaan yn oerlis mei de âlden. "Maar jongeren hebben zelf altijd het laatste woord", seit minister De Jonge.