RIVM: Fyftjin nije coronabesmettingen yn Fryslân

30 jun 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fyftjin nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der fjouwer mear as tiisdei. Doe gie it om alve besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om tsien besmettingen deis. Tiisdei lei dat trochsneed op njoggen, in wike lyn op fjirtjin besmettingen.

De measte besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Ljouwert, mei fjouwer besmettingen. Dêrnei folgje Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân mei twa besmettingen.

Njoggen Fryske gemeenten ha de ôfrûne dei gjin nije besmettingen meld.

Gjin stjergefallen en opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 657 nije coronagefallen registrearre. Yn de ôfrûne wike wiene der yn trochsneed 597 besmettingen deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)