Influencer Sylvana spilet yn nije Kameleonfilm: "Ontzettend gaaf"

30 jun 2021 - 14:56

Influencer en telefyzjepresintatrise Sylvana IJsselmuiden fan Ljouwert is grutsk op har rol yn de nijste Kameleonfilm. "Ontzettend gaaf. Het is voor mij jeugdsentiment en nostalgie." 'De Kameleon aan de ketting' giet woansdei yn premjêre yn Drachten.

Foto: wikipedia/creativecommons

Sylvana wie fuortendaliks entûsjast: "Toen Steven (De Jong, regisseur, red.) mij vroeg voor een rolletje in de film moest ik gewoon ja zeggen, als Fries."

Frysk is as thúskomme

Se spilet Femke, de frou fan Syb van der Ploeg. Sylvana har mem is leafhawwer fan Syb syn band De Kast en Sylvana is grut wurden mei al harren nûmers. Doe't se mei Syb spile yn de fim, koe se alle Kastnûmers meisjonge. En Steven de Jong joech rezjyoanwizings yn it Frysk. "Dat was voor mij echt een beetje thuiskomen."

Sylvana is meikoarten te sjen yn in nij telefyzjeprogramma. Dêr mei se fierder noch neat oer fertelle. Se is yn alle gefallen grutsk dat se yn de Kameleonfilm meispilet. Hoefolle sekonden oft se yn byld is, wit se net. "Maar ik ben er niet uitgeknipt."

Teäteroplieding

De rol yn de Kameleonfilm smakket nei mear. As der mear filmoanbiedings op har paad komme, stiet se dêr seker foar iepen. Se hat fjouwer jier lang de teäteroplieding D-Drive yn Ljouwert folge, fertelt se, "dus ik kan wel een beetje acteren."

Is de premjêre woansdeitemiddei yn Drachten noch spannend? No...nee, net hiel spannend, seit Sylvana. It is wol spannend om dysels werom te sjen op it grutte skerm, mar dizze premjêre "is meer leuk dan spannend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)