Omrop TIP: Portret fan Anne Feddema yn Weromrop.tv

30 jun 2021 - 14:26

Anne Feddema (1961) út Ljouwert is in alsidich keunstner, hy is dichter en byldzjend keunstner. Yn syn wurk spilet muzyk in grutte rol. Yn dit portret út 1999 folgje we him by syn wurk en optreden op Poetry International yn Rotterdam.

Anne Feddema yn 1999: "Praatsto Fries tegen mij?" - Foto: Omrop Fryslan

Anne Feddema syn wurkkeamer stiet grôtfol mei skilderijen, boeken, cd's, kassettes, tubes mei ferve, kwasten, gitaren en in piano. Mei klassike muzyk op de achtergrûn is er mei nij wurk dwaande: kleurrike skilderijen dêr't er houten iiskostokjes yn ferwurket.

It atelier neamt Feddema 'myn algemistysk muzikaal kokentsje'. "Dat is wat hjir bart. Hjir wurdt muzyk makke en iten. Skilderijen moatte ek om te iten wêze."

Anne Feddema by ien fan syn wurken - Foto: Omrop Fryslan

Byldzjende keunst, gedichten en muzyk rinne yn inoar oer yn syn wurk. Skilder Kandinsky dûkt op yn syn gedichten, mar hy skriuwt likegoed ek in fers (yn it Liwwadders) oer in kertier út it libben fan in patatboer.

Muzikaliteit

Muzikaliteit spilet in grutte rol yn syn foardracht. Yn syn gedichten brûkt er gauris selsbetochte wurden. "It Frysk is in geweldige taal om te brûken. Ik foarmje wurden oant se passe yn it gehiel. Sa moatst taal ek brûke."

Yn syn wurk snijt er grutte tema's oan (leafde en dea) mar docht dat op boartlike wize. "Alles hat ritme, kleur en beweging en dêrtusken beweech ik mysels. It is net allinne mar fleurich troch it libben, úteinlik hat it mear mei libbenskrêft te meitsjen. It is aardich ast oan de ein fan de dei sizze kinst: ik ha hjoed wer in bytsje minske west. Dat fyn ik al hiel wat."

Omrop Fryslân stjoert dizze wike alle jûnen op telefyzje in koarte ferzje fan in dokumintêre út it rike argyf út yn it programma Weromrop.tv. Te sjen om 17.15 oere en dan elk healoere yn de werhelling.

Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985-2005 werom te sjen; fan dokumintêres oant Sadwaande en fan Sybe Satellyt oant Sa seach ik Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)