Dosint Bert Mul wint rjochtsaak tsjin Tjalling Koopmans College Hurdegaryp

De skorste dosint Bert Mul mei it skoaljier by it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp ôfmeitsje. Moandei moat hy wer op skoalle talitten wurde. Dat hat de rjochter yn it koart pleit woansdei bepaald.
Dosint Bert Mul
Mul waard op non-aktyf steld nei in kritysk ynterview by Omrop Fryslân. De lieding fan de skoalle ferwyt him dat hy de belangen fan de ûnderwiisynstelling skeind hat.
De dosint krige it ferwyt dat hy sein hie dat de skoalle in 'malafide organisaasje' is dy't de learlingen 'gizele'. Ek soe Mul ûnderdiel wêze fan in plan om de ûnderwiisynstelling yn in kwea deiljocht te setten. De dosint seit dat fan beide gjin sprake is. Omrop Fryslân brûkte foar it ferhaal in grut ferskaat oan boarnen.
Bert Mul © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Fatsoenlik ôfskied

De rjochter stelt yn it fûnis dat net oantoand wurde kin, dat Mul de útlittingen dien hat. Ek stelt de rjochter dat Mul fatsoenlik ôfskied nimme kinne moat fan de learlingen. Lit de lieding him net ta, dan moat de skoalle in twangsom betelje fan 1.000 euro deis.
Mul hie ek frege om in rektifikaasje fan de útlittingen fan de lieding fan it Tjalling Koopmans College. Dy hoecht der net te kommen om't it fûnis op himsels eins al in rektifikaasje is, sa skriuwt de foarsitter fan de rjochtbank.
Advokaat Joost Aarts, fertsjintwurdiger fan Bert Mul
Mul seit yn in reaksje bliid te wêzen mei it fûnis: "Het is echt spannend, zeker als je een paar dagen moet wachten. Ik had hier op gehoopt." Hy hopet moandei dan ek sûnder problemen wer oan de slach te kinnen om de lêste skoalwike goed ôf te rûnjen. "Ik hoop dat de leiding van de school zich gaat voegen naar de letter en geest van deze uitspraak. Dat is echt in ieders belang", seit Mul.
De lieding fan de SvPO/Tjalling Koopmans College wie noch net berikber foar in reaksje.