GGD: ien op de tweintich Friezen hat heech risiko op depresje of eangststeurnis

30 jun 2021 - 11:18

Ien op de tweintich Friezen hat in heech risiko op in depresje of in eangststeurnis. Faak giet it om minsken oant 35 jier, om froulju en om ynwenners mei in leech skoalnivo. Dat ien fan de útkomsten fan de nijste fjouwerjierlike enkête fan de GGD Fryslân.

Foto: Shutterstock

In grut diel fan de Friezen boppe de achttjin jier fielt him of har sûn, sa is de algemiene konklúzje út de saneamde 'sûnensmonitor' oer it jier 2020. Mei-inoar 17.681 persoanen hawwe de enkête ynfolle.

Obesitas

It tal Friezen mei obesitas is licht tanaam. It giet dan om minsken mei in body mass index fan boppe de 30. Yn 2016 wie dat persintaazje noch 13%. Yn 2020 is it omheechgien nei 15%. Dat byld sjogge wy yn hiel Nederlân, neffens de GGD Fryslân.

Wer minder smokers

Hieltyd minder Friezen smoke. Ferline jier wie dat 18% fan de ynwenners. Der is sprake fan in delgeande line, want yn 2016 wie it noch 21% en yn it jier 2012 wie it 24%.

Covid

Omdat it ûndersyk dien is yn 2020 hawwe de coronapandemy en de maatregels dêrtsjin mooglik de sûnens, de wize fan libjen en it wolwêzen beynfloede. De GGD sil dy gegevens fierder analysearje.

De gemeenten brûke de útkomsten fan dit ûndersyk foar hoe't se de sûnens fan de ynwenners ferbetterje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)