FIDEO: Thúsakademy mei Theunis Piersma

Heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma (Himmelum, 1958) hâldt him al jierren dwaande mei trekfûgels en Waadgebietekology. Yn 2014 krige er de Spinozapremie foar syn baanbrekkende ûndersyk.
Yn dizze twadde ôflevering fan Thúsakademy fertelt Piersma oer syn fassinaasje en hoe't dy ûntstien is:
Fia belangstelling foar it Waadgebiet kaam er by de trekfûgels en ûntduts er dat dy fûgels dêr binne om't der fretten is. En sa kaam er by de fraach: wat ite wy sels? Hoe sjocht ús lânbou derút? Kinne we buorkje sûnder de ierde te fernielen? Dêr fertelt er oer yn syn kolleezje.
Theunis Piersma © Astrid Kant
De lêzing is yn de Hortustún achter it âlde akademygebou yn Frjentsjer. Under de útstjoering kinne sjoggers fragen stelle. Dy fragen wurde sammele en programmamakker Bart Kingma nimt se dan nei ôfrin mei de sprekker troch.
© Omrop Fryslân

Oer de Thúsakademy

Thúsakademy is in gearwurking fan Omrop Fryslân en Academie van Franeker, om it wichtige en faak wêzentlike wurk fan wittenskippers begryplik oer te bringen. In soad - foar de measte minsken - abstrakt en yngewikkeld ûndersyk kin foar ús allegear in konkreet belang tsjinje.
Yn 2017 is besletten om it ferline fan de Frjentsjerter Universiteit (1585-1811) yn de Academie van Franeker in ferfolch te jaan om wittenskip en maatskippij tichter by inoar te bringen mei publykskolleezjes.
Thúsakademy: woansdei 30 juny om 20.30 oere by Omrop Fryslân.
Yn de folgjende Thúsakademy, op 8 july, komt Nobelpriiswinner Ben Feringa oan it wurd.