Ljouwerter wethâlder Kuiken: Ek oare gemeenten moatte COC Friesland finansjeel stypje

30 jun 2021 - 07:58

Fryske gemeenten moatte ta de bûse om de aktiviteiten fan COC Friesland oerein te hâlden. Dat fynt wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert.

COC gemeenten

Op it stuit is de gemeente Ljouwert ien fan de trije Fryske gemeenten dy't subsydzje jouwe oan it COC, de belange-organisaasje foar LHBTIQ+. Neffens Kuiken soene folle mear gemeenten dat dwaan moatte. Hy reagearret dêrmei op de needgjalp dy't it COC ferline wike hearre liet nei it fuortfallen fan de provinsjale subsydzje.

De gemeente Ljouwert fynt it wichtich dat it COC bestean bliuwt, mar kin neffens Kuiken net samar de subsydzjerol fan de provinsje oernimme. Hy wol dêrom dat ek oare gemeenten yn Fryslân it COC opnimme yn harren begrutting. "Het bestaansrecht van het COC mag wat mij betreft niet in gevaar komen", seit de Ljouwerter wethâlder.

Lobby

"Het is wat lastig om de gemeente Leeuwarden verantwoordelijk te stellen voor de activiteiten die ze nu ontplooien in heel Fryslân, maar wij zullen zeker alles op alles zetten om die activiteiten in Leeuwarden in ieder geval te borgen", fersekeret Kuiken. "Nogmaals, daar hebben wij nu ook al geld voor ter beschikking gesteld."

COC Friesland seit al langer dwaande te wêzen mei it lobbyen by de oare Fryske gemeenten, mar dat hat neffens de organisaasje oant no ta gjin fertuten dien.

Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert

Foto: Shutterstock
(Advertinsje)
(Advertinsje)