Twa Friezen ferskine foar rjochter yn grutte misbrûksaak 15-jierrich famke

In man út Hurdegaryp en in âld-ynwenner fan Burgum (dy't no yn Arnhem wennet) moatte woansdei foarkomme fanwegen seksuele eksploitaasje. De beide manlju fan 22 jier hawwe in 15-jierrich famke út Drachten twongen om seks te hawwen mei ferskate manlju út Fryslân en Grinslân.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ien fan de beide haadfertochten hat it famke ek seksueel misbrûkt, sa stiet yn de oanklacht. De saak kaam oan it rôljen troch in oare saak. In 37-jierrige man út Noard-Hollân die him foar as frou en socht op Facebook kontakt mei it famke.

Kwetsber en iensum

It famke wie kwetsber en hie ûnderfining mei seksueel misbrûk yn de famylje, fertelt rjochtbankferslachjouwer Noor Vloeimans fan RTV Noord dy't de saak op de foet folget. Se wie iensum en socht op sosjale media in freondinne.
In 37-jierrige man út Noard-Hollân die him foar as 21-jierrige frou dy't as bybaantsje yn de prostitúsje siet. Hy makke de earste seksadvertinsjes foar har oan. In man fan 22 jier út Hurdegaryp wie har earste klant. Letter waard hy har sjauffeur dy't har nei klanten brocht, seit Noor Vloeimans.

'Swier straffe'

De beide fertochten komme woansdei foar. Tongersdei en freed moatte sân klanten dy't seks hân ha mei it slachtoffer, foar de rjochter ferskine. It giet om manlju út Drachten, Ljouwert. Frjentsjer, Balk, Grins en Delfzijl. Se binne tusken de 22 en 61 jier âld.
"Het is te hopen dat zij zwaar gestraft worden", seit soarchkoördinator minskehannel Rob Kelder fan Fier yn Ljouwert. "Het gebeurt te vaak dat klanten er met een taakstraf vanaf komen. Dat is onbegrijpelijk. Als je als volwassen man seks hebt met een overduidelijk minderjarig meisje, dan moet de straf veel hoger zijn."

Feroaring

Neffens Kelder binne minskehannelers bot feroare. "Het klassieke beeld is van loverboys die een half jaar lang bij het schoolplein een meisje met cadeautjes inpalmen, maar tegenwoordig zien we dat ze niet meer zoveel en zolang willen investeren", fertelt er.
"Vaak worden seksueel getinte beelden van een meisje gemaakt, dat daarmee onder druk wordt gezet of er wordt grof geweld gebruikt", seit Kelder. "En dan is het slachtoffer al binnen twee weken in de macht van de mensenhandelaar, die haar dwingt om seks te hebben met mannen tegen betaling. Het meisje zelf krijgt niks."

Previnsje

Faak doare de slachtoffers net nei de plysje te stappen en oanjefte te dwaan. "Dat is heel moeilijk. Die uitbuiters dreigen met bekendmaking aan ouders of school. Er is veel sprake van schaamte. De drempel om naar de politie te stappen is vaak hoog." Neffens Kelder bart dit oeral. "Het beeld dat het alleen in grote steden plaatsvindt, is allang achterhaald. Het komt voor op iedere school en in elk dorp."
Kelder advisearret skoallen om oan previnsje te dwaan: "Meisjes moeten er vooral over praten, met ouders of een docent. Het kan ook met een hulpverlener, via chatmetfier.nl. De impact op een slachtoffer is groot, ze lopen een trauma op."
Rob Kelder, soarchkoördinator minskehannel fan Fier