Twadde Keamer: 'Regear moat rezjy nimme by it ynbarren fan jild foar slûs Koarnwertersân'

It regear yn Den Haag moat de rezjy nimme by it ynbarren fan bydragen fan it bedriuwslibben foar in bredere slûs by Koarnwertersân. Dat hat de Twadde Keamer bepaald, op foarstean fan Pieter Grinswis fan de ChristenUnie.
De slûs by Koarnwertersân op de eftergrûn © Shutterstock.com (Steve Photography)
It bedriuwslibben moat in lytse 30 miljoen bydrage oan de ferbreding fan de slûs. Earder wie it de bedoeling dat de provinsje dat jild sammele, mar dat blykt wetlik net tastien te wêzen.
De Twadde Keamer wol no dat der noch dit jier nije ôfspraken oer it ynbarren fan it jild makke wurde, sadat it ferbreedzjen fan de slûs begjinne kin.