​​​​​​​Kampanje moat gedrach nije soarte toerist op It Amelân feroarje

29 jun 2021 - 21:45

Sûnt de coronakrisis komme der oare toeristen nei it Amelân. Dit soarget foar oerlêst om't se noch net goed witte hoe't se harren hâlde en drage moatte op it eilân. De gemeente, rederij Wagenborg, VVV Ameland en de natuerbehearder hawwe dêrom de kampanje Welkom in onze wereld lansearre om út te lizzen hoe't it der op it eilân oan ta giet.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

Neffens wethâlder Theo Faber wienen der yn de simmer fan 2020 likernôch likefolle toeristen op it eilân as yn 2019, mar it fielde drokker, want "de toeristen gedroegen zich anders dan we gewend waren."

Fingers knippe op it terras

Sa brûkten se faker de auto op it eilân. Ek yn de natuer soargen se foar oerlêst: "Mensen gaan buiten de paden. Zo gaan ze soms met mountainbikes en elektrische fietsen door gebieden waar ze eigenlijk niet mogen komen. Ook zien we dat het zwerfafval is toegenomen ten opzichte van vorig jaar", seit Faber. Boppedat knippe ûngeduldige toeristen op it terras mei de fingers.

Gastfrijheid

Neffens Faber is it wichtich dat de toeristen harren bewust binne fan hoe't it wurket op it eilân: "Als je weet wat ergens de regels zijn, dan kun je je daar op aanpassen. Dan loopt het wat soepeler, dan begrijpen de mensen elkaar beter."

"In de slogan staat het woord 'welkom' en dat is het allerbelangrijkste. Wij willen heel gastvrij zijn. Daar staan we om bekend en dat horen we ook terug van mensen. We willen dan ook alleen maar aangeven hoe het hier werkt. We hopen dat met deze campagne mee te kunnen geven", seit Faber.

Neffens de wethâlder is der in tanimmende fraach nei hanthavenjen fan de regels. De gemeente sil besykje oan dy fraach te foldwaan.

Foar de kampanje wurdt 25.000 euro útlutsen.

Wethâlder Theo Faber oer de kampanje

(Advertinsje)
(Advertinsje)