Natuermuseum Fryslân ferwachtet minder eksposysjes troch ferleging subsydzjes

29 jun 2021 - 20:21

It Natuermuseum Fryslân moat it yn de takomst mooglik mei minder personiel en minder eksposysjes dwaan. Mei dy warskôging komt direkteur fan it museum Roel Woering. Der komt flink minder subsydzje fan de provinsje nei it museum.

Earder krige it museum elk jier sân ton subsydzje fan de provinsje. Yn de nije plannen bliuwt dêr sa'n fiif ton fan oer. En dat is te min, fynt Woering. Neffens de direkteur is op syn minst 250.000 euro ekstra nedich.

De provinsje wol wol mei ekstra jild oer de brêge komme. Nochris 150.000 euro om de grutste problemen op te fangen, mar neffens it museum is dat net genôch.

Op in soad oere plakken binne de natuermusea der al net mear en dat soe it neffens it museum ekstra wichtich meitsje om dy yn Ljouwert oerein te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)