Seis amtners provinsje krigen yn 2020 warskôging foar 'it skeinen fan de yntegriteit'

29 jun 2021 - 19:39

Seis meiwurkers fan de provinsje hawwe ferline jier in offisjele warskôging krigen fanwegen it skeinen fan de yntegriteit. Dat stiet yn it earste jierferslach yntegriteit fan de provinsje. Mei-inoar is acht kear in klacht yntsjinne tsjin in meiwurker fan de provinsje.

Foto: Provinsje Fryslân

Yn trije gefallen gie it om in ynterne klacht, yn de fiif oare gefallen om in klacht fan in boarger. Yn seis fan de acht gefallen wie de klacht terjochte, ien melding is noch yn behanneling.

By it skeinen fan de yntegriteit giet it yn twa gefallen om it net korrekt omgean mei boargers, yn trije gefallen om it net goed neilibjen fan de coronaregels en yn ien gefal om diskriminaasje en misbrûk fan ynformaasje. Op it provinsjehûs is ek alve kear kontakt opnommen mei in betrouwenspersoan fanwegen net winske gedrach.

Warskôging

De terjochte klachten hawwe yn seis gefallen laat ta in warskôging oan it adres fan de belutsen amtner. Deputearre Avine Fokkens skrikt net fan dy sifers. "Je zou het liefst willen dat niemand een klacht heeft, maar ook een ambtenaar kan een slechte dag hebben en te onvriendelijk of chagrijnig zijn tegen een burger. Het is prima dat een burger daar melding van maakt."

Dialooch

Fokkens is net tige earnstige klachten tsjinkommen. "Als een medewerker heel vaak een waarschuwing krijgt, dan kan dat theoretisch tot de conclusie leiden dat iemand hier niet helemaal thuis hoort, maar zo zwaar waren deze klachten niet."

Fokkens fynt it sinfol om op it provinsjehûs 'de dialooch te fieren' oer wat wol en net ynteger is. "Over het algemeen ben ik tevreden over hoe het hier gaat, maar niet-integer handelen komt hier ook voor. Het is goed om elkaar scherp te houden op wat wel en niet integer is, want het begint met bewustwording."

De deputearre heakket der oan ta dat it ek wolris foarkomt dat amtners har net korrekt behannele fiele troch lilke boargers. "Dat komt ook wel eens voor. Vaak vanuit een bepaalde emotie, waarmee ik het overigens niet goedkeur."

'Oer it algemien giet it goed'

Hoe faak it foarkomt dat boargers 'ferfelend' binne tsjin amtners wurdt net registrearre op it provinsjehûs. It hat oant no ta yn alle gefallen net laat ta klachten by de plysje of in oare ynstânsje. Fokkens wol dit probleem dan ek net grutter meitsje as it is. "Over het algemeen gaat het goed tussen burgers en provincie."

Deputearre Avine Fokkens oer it jierferslach yntegriteit

Trefwurden: 
Provinsje Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)