Gemeenteried beheint tagong auto's ta sintrum Wolvegea

29 jun 2021 - 18:58

De gemeenteried fan Weststellingwerf hat de tagong foar auto's ta it sintrum fan Wolvegea beheind. Dat barde fia in amendemint fan it CDA, mei alve tsjin njoggen stimmen. Guon ûndernimmers fan Wolvegea binne lilk oer it beslút.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De sintrumfisy stie op de aginda, mar it debat gie hast folslein oer it wol of net autolij wurden fan it winkelsintrum. Bert Priest fan de winkelders- en ûndernimmersferiening pleite der noch foar om wol auto's ta te litten. Neffens him sille lytse winkels hjir in soad lêst fan krije.

"De auto past net mear op dizze wize yn it sintrum", seit fraksjefoarsitter Hans Visser fan it CDA. "Mar litte we yn elk gefal mei de ûndernimmers yn petear bliuwe oer hoe't we de parkearplakken goed berikber meitsje kinne. Dêr hawwe we juster (moandei, red) ek in moasje oer yntsjinne."

Njonken in autolij winkelgebiet op sneontemiddei wurdt allinne autoferkear tastien op it part fan de Van Harenstraat tusken de Pastoriestraat/Huize Lindenoord en de krusing fan Heerenveenseweg/Steenwijkerweg fan moandei oant en mei sneon, fan 5.00 oant 12.00 oere.

Unienichheid

Der komt ek in pilot om in ferromming fan it autolije gebiet te ferkennen. De partijen yn Weststellingwerf wiene it lang net iens. De VVD hie net in soad begryp foar de posysje fan koälysjepartner CDA.

Hans Visser, fraksjefoarsitter fan it CDA

Trefwurden: 
Wolvegea auto's sintrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)