Epke Zonderland: "In olympyske medalje is net realistysk"

29 jun 2021 - 18:15

"Ik rjochtsje my net op medaljes, dat is op dit stuit net realistysk!", seit Epke Zonderland. De olympysk kampioen fan 2012 hat in dramatyske tarieding op Tokio en timperet de ferwachtingen.

Epke Zonderland oer de Spelen:

De ôfrûne moannen hat 'the Flying Dutchmen' hast net traind. Al sûnt maart is hy oan it kwakkeljen mei syn sûnens. Sa'n minne tarieding hat hy noch nea earder meimakke.

Sûnt maart haw ik in soad muoite om te trainen. Ik ha der de puf net foar.

Epke Zonderland

"Op myn leeftiid is it hiel lestich om hurd te trainen en dêr wer fluch better fan te wurden. Sûnt maart haw ik in soad muoite om überhaupt te trainen. Ik ha der de puf net foar. Dêrtroch haw ik gjin basis lizze kinnen en dat is hiel spitich foar sa'n moai toernoai oan de ein fan myn karriêre."

Wûnder

It moat syn lêste keunstke wurde, de Olympyske Spelen fan Tokio. Dêrnei hat it moai west foar de yntusken 35-jierrige Epke Zonderland. Mar dêr't de bûtenwacht him sjocht as ien fan de absolute favoriten foar oIympysk goud, reizget Zonderland nei Tokio sûnder al te hege ferwachtingen.

"It soe al in wûnder wêze as ik myn eigen oefening dwaan kin. Dêr sitte fjouwer flechteleminten yn. It is realistysker om trije flechteleminten te dwaan en dan mar hoopje dat dat genôch is foar de finale. Dêr gean ik foar. Das wol in oare mindset, mar realistysker as olympysk goud."

Fjouwer wiken

Op 11 july stapt Epke op it fleantúch rjochting Tokio. Hy hat noch fjouwer wiken om op topnivo te kommen, want op 24 july is de kwalifikaasje foar de rekstôkfinale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)