Man (59) oanholden foar it dwaan fan falske 112-meldingen

29 jun 2021 - 17:40

In 59-jierrige man út Noardeast Fryslân is oanhâlden foar it dwaan fan ferskate falske meldingen fia 112. Hy melde de ôfrûne tiid tige earnstige ynsidinten lykas ûngelokken mei auto's en persoanen dy't yn it wetter lizze soene. By dit soarte fan meldingen gean altyd meardere helptsjinsten nei de lokaasje. De meldingen hawwe laat ta in soad ynset om 'e nocht.

1-1-2 - Foto: Omrop Fryslân

Op 21 juny wie der wer in melding fan in auto yn it wetter. Dêrop is de man oanholden, om't der fermoedens wiene dat hy belutsen wie by de falske melding. Hy wie yn de buert fan de lokaasje.

Yn syn auto waard in telefoan dy't ferstoppe wie fûn. Op dizze telefoan wiene de meldingen dien. Hy bekende nei syn oanhâlding en moat ynkoarten foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
112 falske meldings
(Advertinsje)
(Advertinsje)